De hear Ketellapper(GBL): Men hat yn Koamjum by elkoar west. Komt der wer in bushokje by de Bining? By boer Hettinga is de ferkearsremmer net goed oanpakt. De tagonklikheid fan de wegen en trotwaars is ek net op oarder. Der sitte in protte kulen yn de dyk. Ek by it spoar sit in hobbel yn 'e dyk. Der soe wat oan dien wurde moatte. Wethalder Keizer: It bushokje komt werom. It bushokje yn Britsum wurdt ek oanpakt. De ferkearsremmer is alris ferpleatst. It kin op dat plak eins net mear oars. De tagonklikheid fan de trotwaars: sokke klachten soe men fia Klein Leed melde moatte. Men kin binnen in pear wike in oprit dellizze. De foarsitter: Wijst erop dat dit een vragenhalfuur is waarin dit type vragen niet past. Hij doet de suggestie in dit soort gevallen de burgers aan te sporen het nummer Klein Leed te bellen. De hear Ketellapper(GBL): As in hiele strjitte der min by leit, dan is dat mear as Klein Leed. Wethalder Keizer: Dielt noch mei dat de Martenawei op de rol fan 2009 stiet en der wienen de bewenners tefreden mei. De hear Ketellapper(GBL): Is der wat feroare oangeande de kontinginten (NS-terrein)? Wethalder Visser: Er is een brief naar NS gegaan. Het college verwacht binnenkort een bericht. Zodra dit bericht binnengekomen is zal zij de raad informeren. De hear Ketellapper(GBL): By it ofskied fan de hear Meilink hat de wethalder 3700 Euro lein by it bedrach foar Doniastate. It jild wurdt foar Stiens-East festlein. Nimt men dermei in foarskot foar wat op? De minsken fan de triathlon binne teloarsteld oer it taseine bedrach fan 250 euro. GBL hie om 500 euro frege. Wethalder Haites: Der wie op amtlik nivo mei de organisaasje fan de triatlon praat. Der is earder in bedrach tasein fan 125 euro. Letter binne de shirtsjes ter sprake kommen. It wie net dudlik hoefolle shirts der nedich wienen. Men hat uteinlik 250 euro tasein en de organisaasje wie der tige tefreden mei. Der binne mear ferienings dy't om sponsorjild freegje. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat oare berjochten heard. De hear Ekas (GBL): Die 3700 Euro is voor een goed doel. Valt dit onder het bestaande beleid? De foarsitter: De toezegging van de wethouder moet nog door een collegebesluit worden onderbouwd en dan is het legaal. De hear Ketellapper(GBL): Ferdubelt men eventueel in heger bedrach? Wethalder Keizer: Der is tasein dat men maksimaal 3700 euro ferdubelt. Men kin it boeke op it grunbedriuw Aldlan 2. Mefrou Slagter (GBL): Aangaande de locatie ijsbaan en de brief Van Kammen: Welke visie heeft de gemeente voor de ijsbaan? Wethalder Keizer: De besteande situaasje is de fisy. Men wol fansels iepen stean foar nije untwikkelings, mar men moat jin dan beriede op wat men mei it gebiet wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 8