Er vanuit gaande dat de exploitatie van Middelsee kostendekkend moet zijn en er 14 a 15 woningen gebouwd zullen worden moet de prijs van een woning 40.000 zijn Namens de CDA-fractie Froukje Haites-Miedema Wethalder Keizer: Der kinne ferskillende rekkensommen makke wurde. Men wol it leafst der wat oan oerhalde. It kolleezje hat it sa opsteld dat de gemeente net tekoart komt. Der binne sones der't net boud wurde kin. Amendemint GBL: Hy soe under de taljochting sette wolle: 'Het nieuwe raadsvoorstel brengt 2.701.780 euro op.' As men in fest bedrach per wenning feststelt en as de wenningen der net komme dan mist men dy ynkomsten. Amendemint CD A: men komt mei dit amendemint wol wat droeger oer de sleat, mar men haldt itselde neidiel as by it foarstel fan GBL as de huzen net boud wurde. Nimt oan dat de prizen fan it CD A sunder BTW binne. Mei it foarstel fan it kolleezje komt men makliker ta de realisaasje fan de 14 wenningen. De trije (yndikatyf tekene) wenningen op de sichtlokaasje meitsje diel ut fan de 14. Twadde termyn De hear Ketellapper (GBL): Is bliid dat it CDA in lyksoartige moasje makke hat. De 35.000 euro moat men diele troch 500 en dan komt men dochs op 140/112,5 euro de kante meter. Is dat wol helber? It kolleezje gie lit fan 25 wenningen. GBL siet dan mei 18 wenningen hiel reeel. Hooplik komme der bedriuwen dy't wurkgelegenheid meinimme en hy snapt derom de opstelling fan de PvdA net. Meffou Haites-Miedema (CDA): Miskien is der wolris it getal fan 25 wenningen neamd. Neffens de kaart kinne der mar 21 op. Men wol foarkomme dat der goedkeap in wenning boud wurde kin op in grutte kavel. De kavelpriis fan sa'n goed 100 euro de kante meter is in neffens har in reedlike priis. De gemeente hoecht der gjin jild op ta te lizzen. De hear Ketellapper (GBL): Men hat in foarstel dien dat litkomt op it earste foarstel fan it kolleezje. Men kin best 3 wenningen ferfalle litte. As men mar litkomt op 2,2 miljoen, want dan bliuwt men noch boppe de begrutting.. Wethalder Keizer: Der is oait sein dat der plak is foar 25 wenningen, mar men moat no litgean fan 22 wenningen. De foarsitter: Onderbreekt de vergadering voor een korte schorsing. De foarsitter: Heropent de vergadering. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Men is it iens wurden mei GBL en de amendeminten yn elkoar skood. In priis fan in wenning komt no op 30.000 euro. Der kinne faaks mear as 14/15 wenningen boud wurde. Amendemint

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 117