GRP1 opsteld en goedkard. By nije kavels sit de oansluting op de riolearring yn de grunpriis. Yn de GRP is de eigen bydrage neamd. De saak fan de Gysbert Japicxstijitte sil oan de ferkearskommisje foarlein wurde. De hear Elgersma (GBL): Hellet it BORF2-konvenant oan. Is de bydrage fan 2.250 euro fan boppen oplein of is it de kar fan de ried? Wethalder Keizer: Der binne trije farianten en de ried hat foar de middelste keazen. De gemeente betellet sels 2.000 euro en de eigen bydrage is 2.250 euro. It is wol mooglik om in regeling te treffen. It is gebruklik dat der in eigen bydrage ffege wurdt. De hear Elgersma (GBL): Stiet der yn it konvenant dat it ferplichte is om in eigen bydrage te freegjen? Wethalder Keizer: Nee. Men hie de bewenners ek fergees oanslute kinnen. De hear Elgersma (GBL): Der stiet yn it konvenant dat men ferplichte is om in bydrage te freegjen. Wethalder Keizer: Yn it BORF is ofpraat dat de gemeenten deselde strategy tapasse soenen. Boargemaster Ter Keurs: De wethouder heeft uitgevoerd wat door de raad is vastgesteld. De hear Elgersma (GBL): It is him no dudlik dat it om in ofspraak tusken gemeenten giet. De bewenners fan it Skutsje hawwe in probleem mei diene tasizzings oer de grienstrook. It tuch waakst der tige. Soe der wat oan dien wurde kinne? By de Griene Leane wie in ofspraak dat de hage net heger komt as it stek. Dy stekt der no in tredde boppe ut. Soe men der wat oan dwaan wolle? Wethalder Keizer: De spesifike ofspraak is hem net bekend. As it al sa is dan sil it neikommen wurde moatte. De iene wachtet op de oare (Skutsje). Men wie it net iens mei de plannen en men soe derop weromkomme, mar de gemeente hat neat heard oant der ien oan de baly kaam. Men hat yntem as gemeente besletten om it oan te pakken en der parkearfekken fan te meitsjen. De hear Ekas (GBL): Het vaarseizoen is weer aangebroken. De hekken bij haven van Britsum staan er nog zeer slordig bij. Wiens verantwoordelijkheid is het? Hij neemt aan dat het die van de gemeente is. Waarom is er niets aan gedaan? Wethalder Keizer: Is it dermei iens dat it gjin gesicht is. Losse stekken kin men lestich yn in oardere rige halde. Men sil de ried freegje om jild om de kaden oan te pakken en dan kinne de stekken der wei. De hear Ekas (GBL): Had men de hekken niet eerder recht kunnen zetten? Met een simpele actie had men het kunnen oplossen. Wethalder Keizer: It is yndied net op oarder. It probleem wurdt neffens him troch de hear Ekas tige utfergrutte. 1 GRP: Gemeentelijk Rioleringsplan 2 BORF: Bestuurlijk Overleg Riolering Friesland

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 6