GEMEENTE 5b LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 5 july 2007 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju J. Ennour (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA), M. Wagenmakers (PvdA), A. Wachter-van Veen (CDA), P.A.M. Slagter-Adelaar (GBL) en de hearen H. de Jager (CDA), J.E. Keuning (CDA), J. Pot (WD), H. de Kroon (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), A. Elgersma (GBL), W.F. Ekas (GBL), M. de Haan (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear E.J. ter Keurs (boargemaster), de hear J.S. Keizer (wethalder), mefrou G.Visser (wethalder) en mefrou F. Haites-Miedema (wethalder). Griffier: de hear A.G.M. Rutten. 1. Iepening De voorzitter opent de vergadering. De heer de Jager (CDA) zal iets later komen. 2. Feststellen wurklist De voorzitter: Aan de agenda wordt toegevoegd punt 7. Onderhoud groenvoorzieningen, naar aanleiding van de discussie afgelopen week in de raad. Het raadsvoorstel is aan ieder gezonden. 3. Ynsprekrjocht boargers Er hebben zich geen insprekers gemeld. 4. Fragehealoere riedsleden De hear De Kroon (PvdA): Der binne luden dat by de Alvestedefarrute de sluzen djoerder utfalle en dat subsydzjes gefaar rinne. Der is ek diskusje oer de grun. Wat is it totaal fan de oerskridings en hoe tinkt de stjoergroep dat gat ticht te meitsjen. Komt troch de tsjinfallers de rate yn gefaar? Wethalder Keizer: Der binne yndied in tal tsjinfallers. As ien nijere easken stelt, dan moat dy der ek foar opdraaie. De sluzen moatte u.o. hufterproof makke wurde. De fiskhevels komme der ek noch by. It binne oanfoljende saken dy't ek wer in mooglikheid foar subsydzje jouwe. Hy tinkt dat troch fersobering de tsjinfallers aardich opfongen wurde kinne. De oerskrieding wie earst sa'n 3 miljoen, mar dat leit yntusken al wer leger. Yn septimber komt der in go-no- go-momint. De utfiering fan de rute rint noch gjin gefaar. Wetterskip Fryslan is ien fan de partijen. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat earder de hoeke Graldastins-Gysbert Japicxstrjitte oan de oarder steld. Is der wol wat bard? Wethalder Keizer: Der wurdt wat mei dien. De proses-ferbalen binne opfrege en krije it omtinken fan de ferkearskommisje. De ynrjochting liket wol foldwaande te wezen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 17