GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 9 Stiens, 02-07-2007 Riedsgearkomste: 30 augustus 2007 Utstelnumer: 2007/39 Amtner.: R. van Dijk E-mail: r.vandijk@leeuwarderadeel.nl Tillefoannr. 058 - 257 66 62 Underwerp: oanmeitsje bestimmingsreserve folkshusfesting Beslut dat nommen wurde moat: Akkoard gean mei it riedsutstel en in bestimmingsreserve foar de folkshusfesting ynstelle en der de BLS subsydzje dy't de gemeente fan de provinsje krigen hat fan 22.597,38 op stoarte. Koarte ynhald: Yn it ramt fan de Verordening verdeling locatiegebonden subsidies provincie Fryslan 2005 - 2009" hat de gemeente 389,61 krigen fan de provinsje foar eltse wenning dy't se yn 2005 en 2006 boud hat. Ljouwerteradiel hat 22.597,38 BLS subsydzje oermakke krigen. De BLS subsydzje is ynsteld troch it Ryk om de wenningbou te stimulearjen. It advys is om in bestimmingsreserve foar de folkshusfesting yn te stellen en der de BLS subsydzje op te stoarten. Ut dit funs kinne in oantal kostenposten foar de folkshusfesting betelle wurde, sa as de kosten foar it wenningbehoefte undersyk (WOBOF). Ynlieding: n.v.t. Arguminten: n.v.t. Kanttekenings: n.v.t. Finansjele taljochting: n.v.t. Utfieren ofhanneljen: De ofdieling finansjen sil de bestimmingsreserve ynstelle, R. van Dijk wurdt budzjethalder. Oer de besteging fan it jild folgje advizen. Evaluaasje:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 27