Notysje hunestrontbelied Ljouwerteradiel 1.1. YNLIEDING Dizze koarte notysje is in opiniearjend stik dat bedoeld is om antwurd te krijen op de fraach oft de ried fan miening is dat hunestront yn de gemeente sa'n probleem is dat der adekwate maatregels troffen wurde moatte. Bykommende fraach is dan fansels wat de mooglikheden deryn binne, wat ien en oar kostje moat en wer't soks ut betelle wurde moat. En watfoar relaasje fait der te lizzen mei it innen fan hunebelesting. Direkte oanlieding foar dit skriuwen is benammen it feit dat in soad klachten dy't by de gemeente binnenkomme geane oer hunestront en it feit dat de gemeente der neat oan docht. Fierder wurdt geregeld, bygelyks fia de Stienzer Omropper, de diskusje oanswingele oer it fenomeen hunebelesting. Oer nut en needsaak fan dy belesting wurdt hjir ek neier yngien. 1.2 ARC EWAASJ E OER HUNESTRONT Bewennersundersyk swerfoffal/hunestront Yn Ljouwerteradiel is offune jannewaris fia in wiidweidige enkete undersyk dien nei underfmingen fan boargers mei swerfoffal. Yn dyselde enkete waarden ek fragen steld oer hunestront yn de gemeente. Troch it oantal weromstjoerde formulieren (respons) is sprake fan in represintative utslach. In koart oersjoch fan antwurden by de fragen oer hunestront: 92% hat argewaasje fan hunestront op 'e dyk; sa'n trijekwart fynt dat de gemeente mear dwaan moatte soe om te berikken dat der minder hunestront op iepenbier terrein komt; 80% fynt dat minsken dy't de stront fan har eigen hun net opromje in boete krije moatte soene; sawat 70 fynt dat der yn de gemeente tefolle hunestront op 'e dyk leit; 70% wol mear tafersjoch kontrole op hunestront yn de gemeente. Dit binne fansels dudlike sifers, al moat jin dat ek wer net te bot femuverje om't de oerlest in algemien en lanlik fenomeen is dat heech skoart yn de top 10 fan argewaasjes. 1.3 GEMEENTLIK JURIDYSK KADER (APV) APV-bepaling opromplicht Artikel 2.4.18 fan us APV giet oer fersmoarging troch hunen. De eigner of halder fan in hun is ferplichte om der foar te soargjen dat dy hun net skyt op trottoirs ensfh. en op foar publyk tagonklike en sa ynrjochte bemeboartersplakken, sanbakken en boartersgreiden. Allinnich as de stront fuortendaliks opromme wurdt is der gjin sprake fan in strafber feit. It opromjen lit faak te winskjen oer. In soad gemeenten meitsje derom underskied yn lokaasjes der't opromjen ferplichte is en lokaasjes der't soks net jildt. Dat binne dan utlitrutes of -plakken. Yn prinsipe kin de gemeente mei de APV-bepaling ut 'e fuotten om hanthavenjend op te treden. Mar yn 'e praktyk leit it der oars hinne. Want by de polysje ha ditsoarte saken gjin prioriteit. Op 'e died betraapje is der dan ek net by en in klacht yntsjinje hat no net sa gek folle sin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 89