APV-bepaling hunen oan 'e rym Op grun fan us APV is it op dit stuit ferbean om hunen losrinne te litten. Dat jildt sawol foar binnen as buten de beboude kom. Dit is in ofwiking fan de standertregeling fan de VNG dy't allinnich foarsjocht yn in ferbod binnen de beboude kom. De riedskommisje dy't him der yn 2000 oer bugd hat hie as reden dat kuierders, joggers, fytsers ensafuorthinne gjin lest ha meie fan losrinnende hunen. Oan de Dokkumer Ie binne no ek in oantal buordsjes pleatst dy't oanjouwe dat hunen oan de rym moatte. In soad hunebesitters sjogge net yn werom't de hun oan de rym holden wurde moat. Oan de gemeente dus om de hune-eigners te ynformearjen oer nut en needsaak derfan. De gemeente soe ek yn beried nimme kinne om dit strakke rezjym falle te litten en plakken buten of oan de rane fan doarpen oan te wizen der't hunen gewoan losrinne kinne. De oerlest wurdt foar in part ferpleatst nei in plak der't it minder kwea kin. Yn dat gefal soe mear hanthavening fan de APV binnen de beboude kom wol op syn plak weze. Op dit stuit is de regel fan it oan de rym halden fan hunen trouwens net mear as in 'papieren tiger' om't der dochs gjin kontrole op is. 1.4 OANPAK HUNESTRONT NO Gemeentlike oanpak oant no ta Yn it ferline ha der wol amtlike utstellen west om wat te dwaan oan it probleem. Sawat eltse nije wethalder miljeu set it item wol wer op de aginda. Dat hat oant no ta noch nea laat ta in soad konkrete aksjes. It gemeentebestjoer hie der nea net in soad jild foar oer. De leste wapenfeiten datearje al wer fan de njoggentiger jierren. Bern fan fjouwer skoallen yn de gemeente ha doe tekeningen makke en dy binne brukt foar it meitsjen fan in oantal ferbodsbuordjes fan skitende hunen. De buorden binne demei pleatst by boartersfjildsjes dy't troch de bem sels utsocht binne. In ludike en goedkeape oanpak dus. Previntyf/praktyske maatregels Oanpak fan it probleem moat miskien net socht wurde yn strange kontrole en boeten, mar mear yn feroaring fan mentaliteit by (guon) hunebesitters. En fansels yn praktyske maatregels fan de gemeente om de oerlest te fermindeijen. Dermei wurdt ek mear draachflak kreearre foar it besef dat it in mienskiplik probleem is dat troch mei-inoar oparbeidzjen oanpakt wurde kin. Hunebesitters dy't har net oan de regels halde kinne der dan ek makliker op oansprutsen wurde as de gemeente soarget foar praktyske oplossings. Hanthavenjen kin altiten noch efter de han holden wurde as 'ultimum remedium'. 1.5 RIEDSAGINDA 2006 - 2010 Oardel jier lyn is de riedsaginda 2006-2010 Ljouwerteradiel feststeld. Under it item 'Grienbehear' stiet oanjun dat it hunestrontprobleem adekwaat oanpakt wurde moat. FRAACH 1: IS DE RIED FAN BETINKEN DAT IT HUNESTRONTPROBLEEM SA URGINT IS DAT DER OP KOARTE TERMYN WAT OAN DIEN WURDE MOAT?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 90