2.1 MOOGLIKE MAATRF.GELS OANPAK HUNESTRONT 1. Gemeente docht neat. Nettsjinsteande it stelde yn de riedsaginda 2006-2010 soe in stelling weze kinne dat wat oerlest fan hunestront maatskiplik sjoen akseptabel is en dat it probleem net urgint is en gjin prioriteit hoecht. Dat it net ferantwurde is om jild ut te jaan sunder garansje op resultaat. As hjir foar keazen wurdt bliuwt de situaasje sa't dy no is en dy wurdt dus akseptearre. 2. Foarljochting De gemeente besiket troch foarljochting en artikels de hunebesitter te wizen op nut en needsaak fan it opromjen fan de hunestront as it bist utlitten wurdt. Derby wurdt in berop dien op de boargersin fan dy doelgroep en op de eigen ferantwurdlikheid as eigner fan in hun. 3. Oanwizen fan 'utlitplak' foar hunen De gemeente soe yn beried nimme kinne om formed utlitplakken buten of oan de rane fan doarpen oan te wizen, spesjaal bedoeld om hunen ut te litten. Der jildt dan yn prinsipe gjin opromplicht. Dat is dan fierder oan de gemeente. 4. Gebieten foar losrinnende hunen Om't it op grun fan de APV ferbean is om hunen wer dan ek yn de gemeente losrinne te litten, kin tocht wurde oan it oanwizen fan gebieten der't soks wol mei. Dat kin it utlitplak weze lykas hjirboppe oanjun of in aparte lokaasje. 5. 'BOA'/polysje Sunt koart is it hanthaveningsburo fan de Middelseegemeenten aktyf. Dy ha ek in 'BOA' yn tsjinst. In amtner mei in opspoaringsfoech. Dy mei yn de takomst ek boeten utdiele by oertredingen, bygelyks as konstatearre wurdt dat in hunebesitter by it utlitten fan syn hun neilit om de stront fan it bist op te romjen. Der soe fan periodike kontroles troch de BOA of polysje in previntive wurking utgean kinne. 6. Skepkes/gripers In ienfaldige en net al te djoere maatregel is it fergees beskikber stellen fan skepkes of gripers oan de hunebesitters om de stront op te romjen. Dy dingen kostje maksimaal sa'n 5 it stik. 7. Offalbakken As de gemeente de eigner fan de hun ferantwurdlik stelt foar it opromjen fan de stront, dan soe dy gemeente der ek foar soargje moatte dat men it spul earne kwyt kin. Bygelyks yn offalbakken. Dy binne der yn alle soarten en mjitten. Op plakken der't geregeld hunen utlitten wurde, kinne dy tige nuttich weze. Tink bygelyks oan it Waling Dykstrapark, mar sa binne der ek genoch oare lokaasjes te betinken. Foar it bepalen fan de lokaasjes foar sokke fasiliteiten soene de ferienings fan doarpsbelangen ynskeakele wurde kinne. In offalbak mei alles derop en deroan kostet oer de 400,-- eksklusyf btw. Fierder moatte der in oantal oeren fan de butentsjinst ynkalkulearre wurde foar it leegjen ensfh.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 91