Der binne faaks noch wol mear maatregels te betinken, mar dit binne dochs wol de meast foarkommende. Fansels is it ek mooglik om in kombinaasje fan maatregels te treffen. As de ried oanjout wat foarkar hat, dan sil it kolleezje dat fierder utfiere of mei in neier utstel komme. Effekt Oer oanpak fan it probleem bestiet in weareld oan literatuer. Wat yn de iene gemeente wol in sukses is, hoecht eame oars hielendal net oan te slaan. Der binne gjin garansjes te jaan. Mei praktyske maatregels, fasiliteiten en foarljochting fan de gemeente kin fansels wol de akseptaasje by de hunebesitter fersterke wurde om hunestront op te romjen. FRAACH 2: WATFOAR MAATREGEL OF KOMBINAASJE FAN MAATREGELS BINNE DER NEFFENS DE RIED NEEDSAAKLIK OM IT PROBLEEM FAN OERLEST FAN HUNESTRONT YN LJOUWERTERADIEL OAN TE PAKKEN? FRAACH 3: AS KEAZEN WURDT FOAR MAATREGELS, HOE MOAT SOKS DAN BEKOSTIGE WURDE? 1. UT DE POST UNFOARSJOEN 2. OARS

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 92