3.1 SYSTEEM HUNEBELESTING Omskriuwing Under de namme 'hunebelesting' wurdt in direkte belesting heft foar it halden fan ien of mear hunen yn de gemeente. De Gemeentewet biedt gemeenten dy mooglikheid. Yn it ferline is dy belesting der kaam mei it doel om it oantal hunen te beheinen. Dat is no al lang net mear it gefal. De hunebelesting is in belesting wurden mei it doel om algemiene ynkomsten te generearjen foar de gemeente. Algemiene ynformaasje Juridyske grunslach fan de heffing: Artikel 226 Gemeentewet; Belestber feit: it halden fan ien of mear hunen; Belestingplichtige: de halder fan de hun; Hichte fan de heffing: ofhinklik fan it oantal hunen dat holden wurdt; Tariven Ljouwerteradiel 2007: 48,00,-- foar 1 hun; 95,00,-- foar alle fierdere hunen; foar hunekennels (fokkerij) jildt in maksimumtaryf fan 2 hunen; Ynkomsten Ljouwerteradiel yn 2007: sa'n 41.000,- (ruzing 800 hune-eigners). Ut statistiken fan it CBS docht bliken dat der yn 2000 noch 422 heffende gemeenten (79%) wienen. Dat wie yn 2005 weromrun nei 312 (67%) en dy tendins set noch hieltiten troch. Punt fan diskusje Okkerdeis by de fjouweijierlikse kontrole op it besit fan hunen en it oplizzen fan de oanslaggen foar de hunebelesting kaam (benammen by hunebesitters) de diskusje wer op gong oft der eins net sprake is fan in 'uneigenlike heffing' der't de gemeente in moaie melkko oan hat. Sa yn de trant fan: - wurde hunebesitters net unrjochtlik op kosten jage om't it jild as algemien dekkingsmiddel brukt wurdt? - is de heffing net efterhelle/yn in soad oare gemeenten bestiet de belesting net mear; - as it dan perfoarst net oars kin, werom wurdt it jild dan net brukt foar bygelyks it oanpakken fan it probleem fan de hunestront? Krektoarsom wurdt troch oaren faak oanhelle dat hunen yn it algemien in ekstra belesting foar it (leef)miljeu betsjutte en dat der best wat tsjinoer stean mei yn de foarm fan in fergoeding. Der wurdt dan meastentiids ferwiisd nei hunestront dy't net opromme wurdt (net in lokaal probleem trouwens). Formeel is de saak helder. De gemeente mei de belesting heffe en it is in misfetting dat ynkomsten en de hunebelesting perfoarst brukt wurde moatte om foarsjennings foar hunen te kreearjen. Ferlykje it mei de ynkomsten fan unreplikgoedbelesting dy't ek brukt wurde as algemiene dekkingsmiddels. As der dus in hunetoilet of sokssawat komme moat, dan wurdt dat betelle ut algemiene middels. It wol of net heffen fan hunebelesting is dus net in formele diskusje, mar troch tsjinstanners wurdt de klam lein op it morele aspekt. Mear hunestront troch hunebelesting? Neffens in artikel ut in ekonomebled fan it CPB soe de oerlest fan hunestront troch hunebelesting tanimme yn pleats fan ofhimme. Hune-eigners wurde troch hunebelesting amper ofholden fan it oanskaffen fan in hun.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 93