Neffens in berekkening fan de undersikers wurdt it oantal hunen by eltse 10 euro ekstra hunebelesting 1,4% minder. De oerlest fan hunen nimt noch minder of, in teken dat in soad eigners beslute net langer belesting te beteljen foar har husdier. De measte gemeenten berekkenje in taryf tusken 30 en 60 euro. Hunebesitters wurde pas untmoedige by 83 of mear yn't jier en dan nimt de oerlest net langer ta. De belesting foar eltse twadde of tredde han blykt de hunebesitters wol oan te dearen. De beslissing foar in twadde of tredde hun wurdt der folle sterker troch beynfloede as it oanskaffen fan in earste hun. Foar de oerlest makket it lykwols net folle ut, dus soe neffens de undersikers foar mear effekt better it taryf foar de earste hun ferhege wurde kinne. Miming VNG Yn 2005 hat der in brede ferkenning plak fun oer it lokale belestinggebiet troch de kommisje- Eenhoom. Dy hat in nij stelsel fan lokale belestingen undersocht. Ien fan de konkluzjes wie dat in grutter belestinggebiet (mooglikheden) needsaaklik is. De VNG is it der mei iens en is derom tsjin ofskaffmg fan de hunebelesting. Lit unferlet dat eltse gemeente ofsunderlik beslute kin oer it wol of net heffen fan de belesting en wat der mei it jild dien wurdt. FRAACH 4: IS IT HEFFEN FAN HUNEBELESTING ANNO 2007 NOCH RIDLIK? FRAACH 4A: NEE? YN WATFOAR BELESTING MOAT IT FERLIES FAN YNKOMSTEN DAN FERDISKONTEARRE WURDE? FRAACH 4B: JA? MOAT DE BELESTING DAN EK MEAR OMFOARME WURDE TA IN DOELBELESTING (OPBRINGST OF PART DERFAN WURDT BRUKT FOAR OERLEST HUNEN)?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 94