Men kin tinke oan de ozb, mar noch better oan de rioelheffing of de offalstoffeheffmg. Want de smoargens fan oare bisten giet ek faak it rioel yn. De hear Dijkstra (FNP): Men is allegearre tige deskundich op dit med. As men minsken derop oansprekt, dan hat men it skepke of it pudsje fergetten. Op de reaksje dat de gemeente der ek neat oan docht, wiist er gauris op it kolkje der't men de hunestront yn kwyt kin. Guon minsken fine dat men mei it beteljen fan hunebelestingwol folstean kin. De APV wol dan noch wolris ferhelderjend wurkje by dat slach minsken. De hear De Jager (CD A): It CD A is bliid mei it stik. Minsken witte gewoan net wat mei en wat net mei. Men moat hanthavenje en men moat it belied ofstimme op de Middelseegemeenten. Der binne lykwols wichtiger saken yn Ljouwerteradiel en derom soe it net op koarte termyn ofhannele wurde moatte. Foar it bewustwezen is it goed dat de minsken in skepke krije en dat der bakken binne der't men de hunestront yn kwyt kin. De Stienser Omroeper is in goed medium foar de foarljochting. Men kin it betelje ut de ekstra opbringst. It jild fan de hunebelesting is op dit stuit nedich. Yn de takomst soe der in diskusje oer fierd wurde kinne oer oare foarmen fan belestings. De hear Pot (WD): In de APV staat dat de honden aan de riem gehouden moeten worden. De uitlaatplekken zouden volgens de WD binnen de bebouwde kom moeten liggen. Buiten de bebouwde kom is het niet mogelijk vanwege o.a. het gevaar voor schapen. De verantwoordelijkheid ligt bij de eigenaar. De ontlasting kom je altijd op de looppaden tegen. Een uitlaatplaats zal op den duur redelijk bevuild worden en dan zal een hond daar zijn behoefte niet doen. De hondenbezitters moeten het zelf opruimen. Het gaat om de mentaliteit. Het is een goede zaak dat er in Middelseeverband op termijn een Bijzonder Opsporings Ambtenaar komt. De APV is gebaseerd op het strafrecht, waarin de strafbepalingen omschreven zijn en daar kan men niet boven of onder gaan. Men heeft ook overlast van andere dieren, zoals paarden en duiven. De hondenbelasting is ooit bedoeld als doelbelasting. De gemeente kan maar drie soorten belasting heffen. Hij zou op dit moment de hondenbelasting niet willen afschaffen, omdat het anders waarschijnlijk via de ozb verhaald zal worden. Wethalder Haites: De ried moast oanjaan wat de urginsje fan it probleem wie en wat mooglike oplossingen weze koenen. De mearderheid fynt it in urgint probleem. De maatregelen kostje jild. Men sil alles goed op in rychje sette moatte en ek de kosten yn byld bringe moatte. De eigner is ferantwurdlik. Troch foarljochting kin men miskien in feroaring fan mentaliteit krije. Men wol skepkes utdiele sadat men sjocht dat de gemeente der ek wat oan dwaan wol. In pear partijen neame offalbakken. De hunebelesting is in algemien dekkingsmiddel. In foarljochtingskampanje en skepkes bliuwe reedlik binnen de finansjele mooglikheden, mar by hunetoiletten is men aardich mear jild kwyt. De ried fynt dat der hanthavene wurde moat. Dat is yndied in middel om it oan te pakken. Sy stelt foar om it foarstel letter wer nei de ried werom te bringen. De hear De Jager (CDA): Helje de kosten ut it potsje fan de mearopbringst oan hunebelesting. Wethalder Haites: It bliuwt in algemien dekkingsmiddel en it hat ek alwer in bestimming krigen. Yn Ferwerderadiel hat it in wike lyn yn de ried west. Der woe men it litte by in goede foarljochtingskampanje en it utdielen fan skepkes.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 36