De hear Pot (VVD): Het lijkt hem op het eerste gezicht acceptabel wat in het stuk staat. Maar
hij heeft nu ook zijn twijfels door het verhaal van de heer Dijkstra. De vliegbasis Leeuwarden
('the sound of freedom') is er niet in meegenomen en dat vindt hij een beetje tegenstrijdig.
Men moet niet roomser zijn dan de paus en hij volgt de heer Dijkstra in dezen.
De hear De Kroon (PvdA): De grinswearde moat aardich heech weze. De streefwearde mei
troch de oerheid leger lein wurde. Hy is ek kjel wurden fan de wurden fan de hear Dijkstra.
By guon diken stiet 'geen gegevens bekend'. Der sil earst helderheid oer komme moatte. As it
kolleezje hegere noarmen feststelle mei, is it foar him de ffaach wat de rol fan de ried deryn is
en oft men it Ryk derby beluke moat.
Is OVL der ek by belutsen? De gemeente soe in ynformaasjejun organiseare. Hat dy der west?
Een 'geluidsruimteverdeelplan' foar it bedriuweterrein is yn syn eagen in foarm fan
burokrasy.
De foarsitter: Hij stelt in verband met de aanwezigheid van een inspreker voor om na
agendapunt 9 agendapunt 12 te behandelen. De raad stemt ermee in.
Wethalder Haites: De hear Dijkstra hat hiel wat losmakke. Sy is bliid dat der al hiel wat
technyske ffagen beantwurde binne. Sy fynt dat der gjin sprake is fan in beliedsplan. It giet
om it stribjen nei in noarm. De nota jout in kader der't men fanut wurkje kin. De streefwearde
is de wearde dy't men berikke wol en de grinswearde is de wearde der't men fan utgiet. 90%
foldocht oan de easken. Der binne in tal knipepunten. It kolleezje hat it foech om oare
grinswearden fest te stellen. By rekonstruksjewurksumheden soe men dan mei de nije
wearden rekken halde moatte. Men moat dan oanjaan hoe't men de knipepunten oanpakke
wol. Oan in takomstige feroardering is de gemeente wol bun.
De foarsitter: Merkt op dat als men streeft naar een bepaald peil dat zoiets dan voor de
begroting gevolgen zou kunnen hebben.
Wethalder Haites: It is in kademota der't maatregels ut fuortkomme kinne. It giet derom dat
men de oanpak fan de knipepunten utwurket.
De hear De Schiffart: Hy is neffens himwol goed begrepen. De streefwearde fan 48 dB is in
ambysje. Dat kin men net fan hjoed op moam helje; as men saken oanpakt (lykas in rioel) dan
moat men der rekken mei halde.
De hear Dijkstra (FNP): Der is al in aide grinswearde fan 55 dB foar de hiele gemeente en dat
wurdt yn de nije situaasje 53 dB. Op bepaalde punten moat men in hegere grinswearde
tapasse. Docht men dat net dan krijt men grutte problemen. Hy wiist op it realiteitsgehalte fan
wat men neistribbet. Hy hat der gjin problemen mei as it stik as oanrin sjoen wurdt, mar net as
beliedsstik, want dan soenen minsken der ijochten oan untliene kinne. Der komt ek noch
reparaasj e wetj ouwing.
Wethalder Haites: De diskusje giet benammen om de status fan it stik. As it festlizzen fan it
belied dochs noch al wat problemen opsmyt, soe sy har foarstelle kinne dat nei oerlis mei
DHV de getallen oanpast wurde kinne.
De foarsitter: Het heet een beleidsnota te zijn. Hij stelt voor om het terug te nemen. Het
college zal er later op terugkomen.