Ljouwerteradiel is ek opdrachtjouwer fan de twadde faze oant 2015. Dat giet te fier; der soe tuskentiids in evaluaasje komme moatte oft it wol ferantwurde is. Wethalder Keizer: De pm-post slacht yndied op it miljoen fan Wetterskip Fryslan. Der is al grun kocht foar de sluzen. Fan it fierdere ferrin hat men noch net in folslein by Id. Men wol leaver net twa kear nei de gruneigners. Tusken it skriuwen fan de stikken en de gearkomste is der noch fan alles bard. Op 17 oktober is de bydrage fan it Waadfuns oan de oarder west. Provinsjale Steaten hawwe it projekt mei stip boppe-oan set. Foar mids desimber sil de gunning fan it earste bestek weze moatte yn ferban mei de Leadersubsydzje. De bestekken foar de sluzen wurde net earder gund foardat men de tasizzing fan it Waadfuns hat. Der binne 13 bestekken utjun en it liket der dermei op dat men binnen de ruzings bliuwe kin. Folsleine wissichheid sil men by sa'n projekt nea hawwe. De drive kaam fanut it hus fan Ljouwerteradiel. Yn de oerienkomst binne de risiko's ofdutsen mei de slogan 'Samen uit, samen thuis'. De overhead soe te heech weze neffens de hear Ekas. Der moat lykwols nochal wat barre en der is hiel wat deskundichheid by nedich. Men hat in eksteme sekretaris ynhierd en troch Confisens in administraasje per underdiel opsette litten. Men hat dy toetse litten troch minsken fan it Fryske Marreprojekt en neffens dy lju seach it der goed ut. Hy wit net krekt hoefolle oeren der troch de amtners en himsels oan bestege binne. Meffou Wachter (CDA): Er moeten nog 4 bruggen geregeld worden. Die staan in de tweede aanbesteding. Wethalder Keizer: Dat slacht op partikuliere bregen. Hy hat melding dien fan tsjinfallers. It peilbehear by de sluzen wie net op foldwaande wize op oarder en der moast in ekstra bypass bykomme. By it feststellen fan de alderearste bydrage hat de ried al ofpraat dat men inoar fest haldt oant en mei de twadde faze. Foar dy twadde faze wol men net werom nei de gemeenten of provinsje, mar der eksteme boamen foar bruke. Twadde termyn Meffou Wachter (CDA): Zijn de bestekken regionaal verkocht? Wethalder Keizer: Ja, yn Noard Fryslan. De hear De Kroon (PvdA): Wurde tsjinfallers altyd standert opfongen binnen it projekt? Stiet dat yn de oerienkomst? Wethalder Keizer: It stiet der sa net yn. Hy sil it yn de stjoergroep ynbringe. De hear De Kroon (PvdA): De ried sil uteinlik bepale oft men meigean wol yn it projekt. De hear Ekas (GBL): Er zijn 13 bestekken verkocht. Hoeveel bestekken zijn er in totaliteit? Wat betekent de btw-component voor de gemeente? De deskundigheid heeft men zeker nodig. Hij neemt aan dat men die kan inschatten en dat men er ook naar handelt. Men praat in feite over herhaling van activiteiten en dan kan men er met redelijke kennis van zaken mee omgaan en zou 10,25 miljoen voldoende moeten zijn. Betaalt de gemeente de exteme secretaris en wat is de eigen inbreng van de portefeuillehouder? Hij wil graag een redelijke indicatie horen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 7