bij in. Het is ook niet acceptabel om van het hele plan af te zien. Leeuwarderadeel is een armlastige gemeente en kan niet meer bijspringen. De hear Keuning (CDA): Men hat deselde fragen as de PvdA. De ferheging fan de grunpriis kin der neffens him dan ek wol op troch. Is it ek belestend dat der smoarge grun sitten hat by lettere ferkeap fan it hus? De leste prizen yn Stiens oan de Lege Hearewei wienen 250 euro en dan is de 138 euro gemiddeld yn Feinsum noch net sa gek. De hear Tuininga (FNP): Hy kin him de teloarstelling fan de ynsprekker foarstelle. Hy nimt oan dat de gemeente goed undersocht hat oft der wat te ferheljen is. Hy giet derfan ut dat der tige skjinne grun yn komt. Wethalder Keizer: Men hat de sivylijochtlike en strafijochtlike kanten goed undersocht. Fan deskundigen hat men te hearren krige dat men gjin kans makket, omdat men net krekt wit wer't de ferantwurdlikheden lein hawwe. Hy fynt dat tige spitich. De hear De Kroon (PvdA): As in garaazje in APK-keuring docht en as demei bliken docht dat it net yn oarder is dan wurdt de garaazje derop oansjen. Der hat dochs ien in skjinnegrunferklearring ofjun? Wethalder Keizer: Men hat ferskillende kearen sjoen wat foar kans men noch hie. Net elke partij is noch te efterheljen. Ek de ferhalding tusken haadoannimmer en underoannimmer is net dudlik. Men hat de stikken ek net mear; dy hoecht men net langer as 7 jier te bewaijen. De kosten binne, ynklusyf alles, steld op 411.000 euro. De doarp fun dat it terrein wat te heech lei en dat punt kin men no meinimme. Boargemaster Ter Keurs: De raad bepaalt de grondprijs. De gemeente betaalt al 217.000 euro aan kosten. De 10% die op de kavels wordt afgewend, vindt hij dan ook in dat verband erg redelijk. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): Men hat de kavels earder op de wenningbeurs oanbean. Wienen der dus al keapers foardat dizze saak foar it ljocht kaam? Wethalder Keizer: Der is by de beurs in kaartsje mei de kavelyndieling presinteard, mar der is doe neat oanbean. It gie doe allinne om de registraasje fan de belangstellenden. De hear Ketellapper(GBL): Der komt no in tsjinfaller foar de gadingmakkers. Helje it jild ut it funs foar Stiens-East. De foarsitter: Stelt vast dat het college vasthoudt aan het voorstel. De raad heeft haar gevoelens kenbaar gemaakt. De hear Elgersma (GBL): Freget oft de ferleging fan it terrein ek fan ynfloed is op de wetterhushalding. Wethalder Keizer: Hy nimt oan dat it gjin ekstra gefolgen hat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 13