GEMEENTE L J OU WERTERADIEL 9 Stiens, 5-11-2007 Riedsgearkomste: 20 desimber 2007 Utstelnumer: 2007/63 Amtner.: E-mail: Tillefoannr. Gerrit de Vries g.devries@leeuwarderadeel.nl Underwerp: 058-257 66 17 Feststellen fan Aide Leie, Feinsum en Koamjum as ofFisjele plaknammen Beslut dat nommen wurde moat: Aide Leie, Feinsum en Koamjum as offisjele plaknammen feststelle. Aide Leie daliks ynfiere yn de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) en Feinsum en Koamjum meidertiid, as de kombuorden der ferfongen wurde. Koarte ynhald: De kombuorden fan Aldeleie sille op koarte termyn ferfongen wurde. Neffens in riedsbeslut ut 2002 wurde dy no dubeltalich mei de Fryske namme boppe-oan. Foar Feinsum en Koamjum jildt meidertiid itselde, allinnich binne der de kombuorden op dit stuit noch net oan ferfanging ta. It boppe-oan setten fan de Fryske plaknamme haldt net yn dat Aide Leie, Feinsum en Koamjum dan ek de offisjele plaknammen binne. Der is in riedsbeslut foar nedich sadat demei ek de GBA der op oanpast wurde kin. Ynlieding: A1 yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu is hjir troch de polityk diskusje fierd oer it ynfieren fan Fryske plaknammen. Ljouwerteradiel woe der mar net oan. Benammen mooglike kosten wienen in stroffelstien. By it feststellen fan it riedsprogramma 2002-2006 kaam der lykwols in trochbraak. Der waard yn opnommen: 'By ferfanging plaknammebuorden sil de gemeente 2-talige buorden bruke'. Bedoeld wurdt sawol de Fryske as de Nederlanske namme derop, mei de Frysktalige boppe- oan. Formeel hyt dat dubeltalich yn pleats fan twatalich. It ferfangen fan de kombuorden yn Aldeleie krijt ynkoarten syn beslach en dat komt moai ut, want hiel Aldeleie krijt mei yngong fan 2008 deselde postkoade (de helte fan de aide postkoade giet ommers nei Nij Altoena). Ferfanging fan kombuorden yn Feinsum en Koamjum is nei ferwachting oer in jier as acht oan 'e oarder, mar troch omstannichheden kin soks ek altiten earder wurde fansels. Benammen as oansluten wurdt by de utfiering fan it bebuordzjen fan it Noardwest tangint. No is it oan de ried om te besluten ta it feststellen fan de Frysktalige nammen as de offisjele.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 21