Arguminten: Sjoen it feit dat de doarpen Stiens, Hijum, Jelsum en Britsum harren Fryske nammen troch de ieuwen hinne holden ha, soe it feitliken net mear as logysk weze om ek Oude Leije, Finkum en Comjum wer de aide fertroude nammen werom te jaan. En dat binne de Frysktalige nammen. Reden temear is it gegeven dat alle stijit- en wettemammen yn de gemeente ek al Frysktalich binne. Kanttekenings: Aldeleie of Aide Leie? De Feriening fan Doarpsbelangen fan Aldeleie hat nei in enkete under de bewenners sels skriftlik oanjun wat de offisjele plaknamme wurde moatte soe. Der binne 40 stimmen utbrocht op it Nederlanske Oude Leije en 40 op it Fryske Aide Leie en 4 ynwenners woenen beide farianten op de plaknammebuorden weromsjen. Gjin inkelde reden dus om net gewoan it foarstiene belied fan de ried ut te fieren: dubeltalige buorden en de Fryske plaknamme as offisjele namme. De meast gongbere skriuwwize is ALDELEIE. Sa stiet it no bygelyks ek yn de wurdboeken. Mar fan de ynwenners dy't foar de Fryske fariant keazen ha wol 80% graach ALDE LEIE ha, dus los fan elkoar. Neffens Topografyske Wurkgroep Fryslan (TWF) en Fryske Akademy is dizze ferzje gjin inkeld probleem. Boppedat mei de ried dit altiten sels noch bepale, want dy giet oer it feststellen fan de offisjele namme Earder dit jier hat de TWF op in gearkomste fan doarpsbelang Feinsum foarljochting jun oer in konsept tiidpaad om te kommen ta ferfryskjen fan de eigen plaknamme. Fan TWF begrepen dat der gjin negative geluden nei foaren kamen. Yn in plattelansdoarp mei amper bedriuwen leit soks ek net foar de han. Finansjele taljochting: Kosten foar feroaijen fan de nammen yn it GBA binne der net. Dat kin de ofdieling Boargersaken yn in pear oerkes sels oppakke. Kosten foar dubeldtalige kombuorden yn de trije doarpen: 4300 (formele fariant) 2150 (helte goedkeaper as allinnich buorden oan de foarkant ferfongen wurde en it boerd oan de efterkant mei de dubelde streek dertroch sitten bliuwt). Kosten foar wiziging ANWB-buorden kinne meinaam wurde by 'underhald bebuordzjen'. Yn it ramt fan oanlis en bebuordzjen fan it Noardwest tangint kin wurk mei wurk makke wurde. Ferfanging fan buorden op fytsrutes ensfh. komt letter as dy buorden werklik oan ferfangen ta binne; ferrint dus feitliken budzjetter neutraal. It utstel is om de finansjele konsekwinsjes mei te nimmen by de begrutting 2009.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 22