De hear De Jager (CDA): It stik is goed lesber. It CDA freget him of oft it stik sa oanhalden wurde kin. De funeminten binne der troch it ferhaal fan de hear Dijkstra eins underut helle. Men moat fansels ofspraken meitsje oer ludsoerlest. It probleem is faak in helbere hanthavening. It is soarchlik dat yn de wyk it Heechhout 20% fan de wenningen under it ekstra ludsnivo fait. De hear Pot (YVD): Het lijkt hem op het eerste gezicht acceptabel wat in het stuk staat. Maar hij heeft nu ook zijn twijfels door het verhaal van de heer Dijkstra. De vliegbasis Leeuwarden ('the sound of freedom') is er niet in meegenomen en dat vindt hij een beetje tegenstrijdig. Men moet niet roomser zijn dan de paus en hij volgt de heer Dijkstra in dezen. De hear De Kroon (PvdA): De grinswearde moat aardich heech weze. De streefwearde mei troch de oerheid leger lein wurde. Hy is ek kjel wurden fan de wurden fan de hear Dijkstra. By guon diken stiet 'geen gegevens bekend'. Der sil earst helderheid oer komme moatte. As it kolleezje hegere noarmen feststelle mei, is it foar him de fraach wat de rol fan de ried deryn is en oft men it Ryk derby beluke moat. Is OVL der ek by belutsen? De gemeente soe in ynformaasjejun organiseare. Hat dy der west? Een 'geluidsruimteverdeelplan' foar it bedriuweterrein is yn syn eagen in foarm fan burokrasy. Wethalder Haites: De hear Dijkstra hat hiel wat losmakke. Sy is bliid dat der al hiel wat technyske fragen beantwurde binne. Sy fynt dat der gjin sprake is fan in beliedsplan. It giet om it stribjen nei in noarm. De nota jout in kader der't men fanut wurkje kin. De streefwearde is de wearde dy't men berikke wol en de grinswearde is de wearde der't men fan utgiet. 90% foldocht oan de easken. Der binne in tal knipepunten. It kolleezje hat it foech om oare grinswearden fest te stellen. By rekonstruksjewurksumheden soe men dan mei de nije wearden rekken halde moatte. Men moat dan oanjaan hoe't men de knipepunten oanpakke wol. Oan in takomstige feroardering is de gemeente wol bun. De foarsitter: Merkt op dat als men streeft naar een bepaald peil dat zoiets dan voor de begroting gevolgen zou kunnen hebben. Wethalder Haites: It is in kademota der't maatregels ut fuortkomme kinne. It giet derom dat men de oanpak fan de knipepunten utwurket. De hear De Schiffart: Hy is neffens himwol goed begrepen. De streefwearde fan 48 dB is in ambysje. Dat kin men net fan hjoed op moam helje; as men saken oanpakt (lykas in rioel) dan moat men der rekken mei halde. De hear Dijkstra (FNP): Der is al in aide grinswearde fan 55 dB foar de hiele gemeente en dat wurdt yn de nije situaasje 53 dB. Op bepaalde punten moat men in hegere grinswearde tapasse. Docht men dat net dan krijt men grutte problemen. Hy wiist op it realiteitsgehalte fan wat men neistribbet. Hy hat der gjin problemen mei as it stik as oanrin sjoen wurdt, mar net as beliedsstik, want dan soenen minsken der rjochten oan untliene kinne. Der komt ek noch reparaasj ewetj ouwing. Wethalder Haites: De diskusje giet benammen om de status fan it stik. As it festlizzen fan it belied dochs noch al wat problemen opsmyt, soe sy har foarstelle kinne dat nei oerlis mei DHV de getallen oanpast wurde kinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 9