Wethalder Keizer: Yn de brief by de sjenwize fan de hear Bouwhuis stiet dat er de sjenwize op oanrieden fan de hear Ketellapper yntsjinne hat. Men wie oer de termyn hinne en der wie gjin reden om de termyn te ferlingen. Der binne lykwols nochal wat sjenwizen binnenkommen en derom sil dy dochs meinommen wurde. De hear Dijkstra (FNP): Klokken en oerwurk Stienzer toer. A1 in skoftke liede de klokken fan de Stienzer toer net mear omdat it lieden net mear fertroud is troch mankeminten oan de ophinging fan de klokken. Sels it oerwurk begjint al tekenen fan alderdom te krijen en moat miskyn oer net al te lange tiid ek stil setten wurde. As it sa troch giet dan docht "de aide grize" yndied eare oan syn bynamme. De toer en wat der yn sit is noch jimmeroan gemeentlik eigendom. Sjocht it kolleezje mooglikheden om de Stienzer toer syn blide boadskippen, soms ek minder bliid, wer oer Stiens utstruie litte te kinnen en dat it oerwurk, it hert fan de toer, noch lang trochtikje kin? Wethalder Haites: It oerwurk yn Feinsum is wer klear. Men docht alle war om wat te dwaan oan de toer fan Stiens. It is no noch gemeentlik eigendom. It stiet pas foar 2010 op de rol foar de grutte restauraasje. Mominteel is men dwaande om te sjen oft de restauraasje falle kin under de restauraasje-efterstansregel. Men wit ek noch net wat de kosten binne. Meffou Ennour (PvdA): De PvdA-ffactie heeft een vraag over Dorpsbeheer. Het college van B&W heeft recent een besluit genomen over het instellen van een dorpsbeheerder voor de drie dorpen Finkum, Hijum en Oude Leije. Naar aanleiding van dit besluit de vraag aan de portefeuillehouder een toelichting te verstrekken over de visie achter deze aanpak en de missie van een dorpsbeheerder. Met andere woorden wat kunnen de inwoners van deze dorpen van een Dorpsbeheerder verwachten? De PvdA-fractie heeft ook een vraag over het instellen van een kwaliteitsteam. Het college van B&W heeft een besluit genomen over het instellen van een kwaliteitsteam. Kan de wethouder verduidelijken wat de rol is van het kwaliteitsteam. Bestaat dit team uit interne of exteme adviseurs? Wethalder Keizer: It fenomeen doarpsbehear bestiet al yn it Bildt. Dat befalt der goed. De te beneamen doarpsbehearder komt foar de helte yn tsjinst by de gemeente Ljouwerteradiel en foar de helte by it Bildt. It is de bedoeling dat de gemeente tichter by it doarp brocht wurdt. It is in proef. It kwaliteitsteam. Dat is in foarlopich beslut. Der is mei de DB-en oer praat. Foarof sil hiel dudlik weze moatte wer't wat al komme mei of net. Men wol dudlikheid krije oer de stedeboukundige easken. It kwaliteitsteam sil bestean ut ien fan Hus en Hiem en in adviseur fan BugelHajema en immen fan bou- en wenningtasicht. Men hopet foar de finansiering mei de leezjes ta te kinnen. De hear Elgersma (GBL): Falle de saken fan de doarpsbehearder net tinder Klein Leed? Of jildt dat net foar dy doarpen? Wethalder Keizer: Klein Leed wurket hiel goed en derom komt de wethalder net mear alle jierren by DB lans foar dat soart saken. No kinne noch flugger lytse mankeminten oplost wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 5