CONCEPT - VERSLAG RAADSVERGADERING van 21 februari2008 14. FNP moasje oer it iepenbier busferfier Gaasterlan - Sleat De hear Tuininga (FNP): Men woe de foarige kear earst noch wat mear undersykje litte. Fan it tredde kwartaal 2007 binne no ek sifers beskikber. De provinsje jout ek oan dat der problemen binne. Foar guon saken binne oplossingen fun. It is in taak foar de provinsje, mar it is net ferkeard in sinjaal oan de provinsje te jaan, lykas oer de hege ferfiersprizen. De rie soe sjen litte kinne dat men de soarch fan de boargers dielt. Hy hat ek mei minsken en sjauffeurs oer de problemen praat. De hear Ekas (GBL): Hij heeft zijn oor ook te luisteren gelegd. Het lijkt hem mee te vallen. De situatie is in de gemeente ook anders dan in het zuidwesten van Fryslan. Het probleem wordt ook onderkend, men doet er wat aan en dat is op dit moment voor GBL voldoende. De hear Keuning (CD A): It CD A wol in sinjaal oanjaan nei de oanbelangjende ynstansjes en stipet derom de moasje. De hear Pot (VVD): Er komt bij grote drukte wel regelmatig een nieuwe bus en de provincie onderkent de problematiek en daarom vindt hij op dit moment de motie niet noodzakelijk. De hear De Kroon (PvdA): As der klachten fan boargers binne dan moatte dy boargers sels earst dy klachten eame ynbringe. By in folle bus is der al gau in oarenien. It liket him no net de taak fan de gemeenteried om te reagearen. De problematyk is neffens him ek net swier genoch om as ried in utspraak oer de moasje te dwaan. Wethalder Keizer: Yn de beboude komt yndied gauris in bus. Mar yn Britsum en Koamjum moatte minsken soms in oere earder op de bus omdat dy oars net op tiid op har bestimming komme. Hy wit eventueel foar himsels wol in plak der't er it ynbringe kin. De hear Tuininga (FNP): De rie kin in sinjaal oanjaan en der floeit gjin bloed ut. De brief fan Gaasterlan-Sleat is oan alle gemeenten ijochte. Der wienen yn in jier al 700 klachten mear. De FNP hopet dat it foar de boarger better wurdt. De hear Ketellapper(GBL): Hy is bliid mei de wurden fan de hear Keizer. As men yn de gelegenheid is, moat men it op dat plak dellizze. De hear Tuininga (FNP): It is him dudlik genoch dat de moasje gjin stipe krijt en derom wurdt de moasje foar stimming weromlutsen. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hie krekt fan Britsum oare luden heard as de wethalder. De foarsitter: Stelt vast dat het voorstel ingetrokken is om te stemmen over ondersteuning van de motie.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 69