De hear De Kroon (PvdA): De underfilling leart dat it dan opskoot. It is yn april 2007 ek al neamd. Derom sil der in datum by stean moatte. Hy wol der letter op weromkomme. De foarsitter: Het verslag wordt met de opmerkingen goedgekeurd en vastgesteld. YNFORMEARJENDUNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) De hear Tuininga (FNP): Oer it jierferslach fan de branwar. Dat wie tige bysunder en hy wol dan ek Henk Hiemstra betankje foar it wurk. De brief fan Gaasterlan-Sleat mei de moasje oer it iepenbier busferfier. De problemen dy't deryn neamd wurde oer it iepenbier ferfier jilde ek foar de gemeente Ljouwerteradiel. Men lit soms minsken stean. Hy wol graach witte oft de gemeenteried de moasje stypje kin. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat der yn de provinsjale kommisje ek by sitten. Hy kin net samar alle punten oemimme. It is te koart troch de bocht, omdat der noch te min ynformaasje is hoe't it yn Ljouwerteradiel yn de werklikheid spilet. De hear De Kroon (PvdA): Men hat de moasje fan Gaasterlan-Sleat lezen. Men sil wat mear fan de situaasje yn de eigen gemeente witte moatte om prate te kinnen oer Ljouwerteradiel. Hy soe der in oare kear op weromkomme wolle. Meffou Wachter (CDA): Het gaat een stap te snel om de motie nu over te nemen. Daarvoor zal men eerst de situatie in de eigen regio beter moeten bekijken. De hear Pot (WD): Hij heeft ook behoefte aan meer informatie. Wethalder Keizer: Hy heart net sasear klachten fan minsken ut Stiens, mar wol fan guon ut Koamjum en Britsum dy't in oere earder op de bus stappe moatte. De hear Tuininga (FNP): Hy is bliid mei de reaksjes. It sil dus de oare kear op de aginda komme. De foarsitter: Stelt dat informatie ingewonnen moet worden en dat de motie de volgende vergadering geagendeerd wordt. 7. Ynkommen stikken ut it kolleezje fan b&w oan 'e ried yn it ramt fan aktive ynformaasjeplicht (lizze op besjen) Geen vragen of opmerkingen. 8. Meidielings fan it kolleezje fan b&w oan 'e ried De foarsitter: Heeft drie mededelingen: De teamchef van de politie zal het jaarplan 2008 toelichten en de rapportage over 200in de raadsvergadering van 21 februari 2008. Hij constateert dat de raad instemt met deze agendering. De kavels in Finkum worden 11 maart verloot. Er zal 30 euro teruggegeven worden aan de burger bij de afValstoffenheffing. De voorziening was hoger ingeschat. Wethalder Haites: De weromjefte fan 30 Euro sit him benammen yn de skerpe oanbesteging fan Omrin foar it GFT-offal. Dertroch kin men nei alle ferwachting mear jild oerhalde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 7