Inisjatyfutstel oangeande de legalisaasje fan kangoeroewenten 11 Riedsgearkomste: 24 april 2008 Utstelnumer: 2008/19 Te nimmen beslut: Ynstimme mei it inisjatyfutstel en it kolleezje fersykje om foar it ein fan dit jier mei in riedsutstel te kommen oangeande de legalisaasje fan kangoeroewenten yn de bestimmings- plannen. Ynlieding Sunt inkele jierren is it fenomeen "kangoeroewente" yn opkomst yn Nederlan, benammen yn it suden fan us lan hat dit al in behoarlike flecht nommen, omdat "kangoeroewenten" harren untstean yn Belgje hawwe. Yn Ljouwerteradiel binne der ek al "kangoeroewenten" realisearre mar men hat net it besef dat soks as kangoeroewente betitele wurdt. Yn Ljouwerteradiel is oant no ta de wurkwize dat wannear der oanpassings dyn wurde by in hus dat soks altyd in grutte rompslomp meibringt omdat de regeljouwing net oanpast is op dit fenomeen. Elke kear moat der in frijstellingsproseduere opstart wurde om in ferklearring fan gjin beswier fan Deputearre Steaten te krijen. Rjochting takomst kin dat wolris in grut beslach lizze op sawol de gemeentlike as de provin- sjale organisaasje omdat it WMO gebeuren der fan ut giet dat alderen langer selsstannich wenje moatte mei alle konsekwinsjes dy't derby hearre. Boppesteande benadering giet ut fan problemen, mar it is likegoed mooglik om fan ut kansen wei te redenearen om ien en oar te realisearjen. Besjogge je "kangoeroewenten" as in middel om ekstra husfesting te kreearjen dan is it ek mooglik om jongeren op in goedkeape wize selsstannich wenje te litten. Op dizze wize kin foarkommen wurde dat jongeren langer yn it aldershus bliuwe moatte of nei Ljouwert ta moatte; yn it leste gefal binne sy ferlem foar us gemeente. Wat is in kangoeroewente. In kangoeroewente is te betiteljen as in ien of twa persoanswente dy't undergeskikt diel utmakket fan in grutter hus, mar sjoen wurdt as in aparte wente. (twa foardoarren op ien kavel) Wol is it sa dat de kangoeroewente (it kangoeroepart) yn, oan, op of under it gruttere hus boud weze moat, en net in lossteand gebou by in besteand hus weze kin. Oars sein, kangoeroewenten binne goedkeape kreative oplossings foar husfestingsproblemen dy't harren foar dogge by minsken (jong en aid) dy't soarch nedich hawwe en by jongeren dy't om finansjele redenen noch net selsstannich wenje kinne. Fergrizing mienskip It ryksregear wol dat aldere minsken langer selsstannich wenjen bliuwe en dat de soarch der dizze minsken ferlet fan hawwe oanbean wurde kin troch it WMO gebeuren of dien wurdt troch frijwilligers en/of famyljeleden. Benammen de leste kategory, de famyljeleden, meitsje de mooglikheid fan in kangoeroewente by in besteande wente tige oantreklik.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 49