Op dizze wize kinne jongeren op ienfaldige wize drekt soarch biede oan de aldere(n) dy't selsstannich yn it kangoeroepart op de kavel wenje. Oarsom is fansels ek mooglik, der kin likegoed in jongere selsstannich yn it kangoeroepart wenje dy't al of net soarch nedich hat. Leefberens fan lytse doarpen Troch de maatregel fan it ryk om alderen langer selsstannich wenje te litten kin it wolris sa weze dat lytse doarpen deade doarpen wurde omdat de alderen de husfesting fan jongeren yn'e wei steane. De leefberens fan sokke doarpen, it ferieningslibben komt under druk te stean omdat der gjin oanfolling komt fan ut de jongeren wei omdat dy eame oars wenje moatte. Hawwe lytse doarpen yn'e takomst noch wol besteansrjocht as de leeftiidsopbou yn dy doarpen sa skeef binne dat der allinnich noch mar aldere minsken wenje? Betelbere husfesting foar jongeren In oar fenomeen dat him jilde lit binne de hege huzeprizen fan tsjinwurdich. Dizze binne sa heech dat guon jongeren, dy't feitliken al lang op harren sels wenje moatte, noch jimmeroan yn it aldershus bliuwe moatte omdat sy gjin geskikte husfesting fine kinne yn harren wenplak, of yn it slimste gefal nei Ljouwert ta moatte. Dizze gong fan saken is ek net goed, want wat langer de bem yn it aldershus wenje moatte deste grutter wurdt de argewaasje. Bestimmingsplannen Troch gebruk te meitsjen fan de "bijgebouwenregeling" dy't wy yn us gemeente hawwe, en dan benammen it part oer de "aanbouw, uitbouw en overkappingen" is it mooglik dat mei in wizigingsfoech fan it kolleezje der in ferklearing fan gjin beswier ofjun wurde kin troch Deputearre Steaten fan Fryslan foar de hiele gemeente oangeande kangoeroewenten. It wizigingsfoech regelt de stedeboukundige easken en oare easken, en soarget der tagelyk foar dat ynspraak garandearre wurdt. Wol is it sa dat us gemeente net langer mear de rompslomp hat fan art. 19-2 prosedueres by elk bouplan dat yntsjinne wurdt. Oandachtspunten -wenningkontinginten, hat ien en oar hjir ynfloed op -ynfloed fleanbasis op Jelsum en Koamjum -as it kangoeroepart ffij komt, wat is der dan mooglik -gemeentlike lesten, hoe wurdt soks regele Stiens, 3 april 2008 Ut namme fan de FNP Folkert Dykstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 50