GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 12 Stiens, 8 april 2008 Riedsgearkomste: 24 april 2008 Utstelnumer: '2008/11 Amtner.: E-mail: Tillefoannr. Gerrit de Vries g.devries@leeuwarderadeel.nl 058-257 66 17 Underwerp: Oanpak hunestrontprobleem Beslut dat nommen wurde moat: 1Stel foarearst in bedrach fan 5000,— beskikber foar oanpak fan it hunestrontprobleem yn de gemeente, sadat it kolleezje mei de utfiering oan de slach kin. 2. Bring dat bedrach foar rekken fan de post 'ynsidinteel unfoarsjoen'. 3. Stim yn mei in feste jierlikse begruttingspost 'struktureel unfoarsjoen' fan 1500,— foar oanpak fan it hunestrontprobleem. 4. Artikel 2.4.8 APV ("Loslopende honden") oanfolje mei in twadde lid: Het college kan plaatsen aanwijzen waar het verbod genoemd in het eerste lid onder a. niet geldt. Koarte ynhald: Yn novimber 2007 hat de ried him nei oanlieding fan in startnotysje yn opiniearjende sin utlitten oer oanpak fan hunestront yn dizze gemeente. Konkluzjes dy't oan 'e ein fan de diskusje troch de wethalder lutsen waarden wienen: dat de mearderheid fynt dat hunestront in urgint probleem is; dat de eigeners fan hunen ferantwurdlik binne; dat troch foarljochting mooglik mentaliteitsferoaring bewurkstellige wurde kin; - dat maatregels binnen de finansjele mooglikheden needsaaklik binne; - dat hanthavenje underdid utmeitsje moat fan de maatregels; dat it kolleezje nochris goed sjen moat nei in adekwate finansjele dekking foar maatregels. dat de hunebelesting (foarearst) yn stan bliuwe moat. Yn maart 2008 hat de ried op 'e nij te set west oer it underwerp. Yn in wiidweidige diskusje waard troch de ried nochal bot op details en utfiering yngien, wylst de yntinsje fan it riedsfoarstel wie om te kommen ta beslutfoarming op haadsaken, sadat it kolleezje fierder mei de utfiering oan 'e slach kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 52