Ynlieding: Beliedsregels/kaderstelling lizze fest Yn de earste notysje fan novimber 2007 is de ried yn opiniearjende sin frege nei ferlet en needsaak fan oanpak fan hunestront en nei in fisy oangeande maatregels. Op basis derfan hat de mearderheid oanjun dat it probleem urgint genoch is om der no wat oan te dwaan en der jild foar beskikber te stellen. It kolleezje jout in foarset foar de hichte fan it bedrach. Belied leit der al yn de sin fan de APV. Dy ken regels oangeande fersmoarging trocht hunen, losrinnende hunen en gefaarlike hunen. It iennige dat it kolleezje freget is om it artikel oer losrinnende hunen oan te foljen sadat it kolleezje losrinplakken oanwize kin. Utfiering APV foech kolleezje Oan 'e han fan de APV en yngredi'inten dy't troch de ried oanrikt binne yn de ferskillende diskusjes soe it kolleezje no oan de slach kinne en wolle mei de utfiering, as de ried ta bygeande beslutfoarming oergiet. Want utwurkjen en utfieren fan de APV is in taak dy't foarbehalden is oan it kolleezje. Wy binne ek fan miening dat der sa in ein makke wurde kin oan in riedsdiskusje dy't yntusken spitigemoch fersane is yn detailfoarming en suggestjes sunder dudlike ienriedigens. De yntinsje fan de ried is helder, it kolleezje draacht soarch foar it ferfolch. Arguminten: N.f.t. Kanttekenings: Hjirby yn't koart noch in reaksje op eardere ffagen en opmerkings: Hunestrontsuger: Oanskaf is net helber om fmansjele en technyske redenen (sjoch memo sektor Grungebiet). It ferwachte negative effekt is trouwens ek dat opromjen troch hunebesitters dan neilitten wurdt, wat no krekt net de bedoeling is! Foarljochting: in ijochtstreekse brief oan hunebesitters is in goede opsje. 'Butendoarpenoanjun is dat Ferieningen fan Doarpsbelang sels oanjaan moatte oft der ferlet is fan utlitplakken; der sil it kolleezje dan op reagearje. Wurkbudzjet: der wurdt frege om in wurkbudzjet fan 5000,00 en om 1500,00 jierliks op de begrutting te setten foar 'earmslach'. Wurdt dat budzjet net brukt dan ferdwynt it gewoan werom yn de algemiene middels. Finansjele taljochting: It bedrach fan 5000,-- foar ien kear kin foar rekken brocht wurde fan de post 'ynsidinteel unfoarsjoen'. De jierlikse begruttingspost fan 1500,-- foar rekken 'struktureel unfoarsjoen' Utfieren ofhanneljen: Kolleezje wurket en fiert fierder ut.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 53