Verslag Raad 24 april 2008. 12. Oanpak hunestrontprobleem De hear Keuning (CDA): Pak it oan en fier it belied ut. Men moat de hunebesitters wol goed ynformearje u.o. fia de website en Stienser Omroeper. De hear Pot (VVD): De WD kan met het voorstel akkoord gaan. De burgers moet men eventueel in de bladen, maar zeker per brief informeren over de stand van zaken. De hear De Kroon (PvdA): Hy hat wol wat argewaasje han fan de opmerking dat de ried har mei details dwaande halden hat. Men hat krekt in tal details korrisjearre. De PvdA is it iens mei it foarstel, mar hat in amendemint by it beslut. It giet om it opromjen fan offal en derom moat it bedrach ta leste fan de foarsjenning offalstoffeheffing komme. Amendemint fan de fraksje fan de PvdA op it beslut: "1. Foarearst in bedrach fan 5000,— beskikber te stellen foar oanpak fan it hunestrontprobleem yn de gemeente, sadat it kolleezje mei de utfiering oan de slach kin 2. Dat bedrach foar rekken te bringen fan de fersjenning offalstoffeheffing 3. Yn te stimmen mei infeste jierlikse begruttingspost fan 1500,—foar oanpak fan it hunestrontprobleem ta lest fan de post opheljen en opromjen offal 4. It kollege opdracht te jaan in utstel te meitsjen ta oanpassing fan de Feroardering Offalstoffenheffing at dy feroardering op dit stuit it utfieren fan de punten 2 en 3 unmooglik makket. 5. Artikel 2.4.8 APV ("Loslopende honden") oan te foljen mei in twadde lid: "Het college kan plaatsen aanwijzen waar het verbod genoemd in het eerste lid onder a. niet geldt. De hear Tuininga (FNP): De FNP hat besocht om de strontsuger der yn te krijen. It moat earst yn de Stienser Omroeper publisearre wurde foardat der hanthavene wurdt. It punt by de koarte ynhald oer de hunebelesting mei der foar him wol ut. De hear Elgersma (GBL): GBL is it iens mei it foarstel. De opmerkingen oer detailfoarming fynt er ek net korrekt. It giet by sa'n underwerp oer details. It binne dus lebige opmerkingen. De rjochtstreekse foarljochting fia in brief oan de hunebesitters liket GBL in goede saak ta. Men fertrout derop dat it kolleezje foar it ferfolch soarget. Boargemaster Ter Keurs: Hij weet niet of het amendement van de PvdA uitvoerbaar is. Het college wil het uitvoeren zoals opgenomen in het amendement en als het niet mogelijk het geld uit onvoorzien halen. De hear De Kroon (PvdA): Kin dermei akkoart gean. Wethalder Haites: Is bliid mei de ynstimming en men giet der mei oan de slach. Der komt op tiid in brief, it komt op 'e website en yn de Stienser Omroeper. De details waarden net oplein mar it waard utlein. De hear Elgersma (GBL): Hy fynt it logysk dat men yn in stik mei in protte details op dy details yngiet. De offalstoffeheffing is budzjeterneutraal. Moat dy dan ferhege wurde? Wethalder Haites: Dat hoecht net, want der sit in surplus yn it funs. Sy wit lykwols net oft it sa utfierd wurde kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 56