Verslag Raad 24 april 2008 12a. De Tunmanswente De hear Keuning (CDA): It is in moai plan. Der wie lykwols gjin dekking en dy leit no wol foar. Mar komme de regresjilden wol nei de gemeente ta? As dat sa is dan kin men it foarstel stypje. De hear Pot (VVD): Hij staat er net zo in als het CDA. 35.000 euro is voor de gemeente veel geld. De regresgelden zijn nog niet toegezegd. Komt dat geld er wel? Waarom begroot men het niet in 2009, 2010 en 2011? Dan valt men zich als gemeente geen buil. Neem het dus bij het volgende begrotingsjaar mee. De hear De Kroon (PvdA): It is in prachtich plan. It is de foarige kear ofhalden omdat de dekking net doogde. De PvdA giet derfan ut dat de regresjilden der komme. Men moat it jild beskikber stelle, earst foar 2008 en de rest letter. Staazjeplakken binne in positive saak. Kin men de aide beukerskoalle bruke om it wenningkontingint oan te foljen? De PvdA kin mei it foarstel ynstimme under taheakke oan it beslut as amendemint: "mei as foarwearde oan de takenning dat de oanfrager yn de Tunmanswente sunder finansjele stipe fan de gemeente mei yngongfan 2009 in stipepunt ynrjochtet foar rekreaasje en toerisme mei VWfunksje foar Ljouwerteradiel De hear Tuininga (FNP): Hy is bliid dat der no mear partijen foar binne. De regresjilden komme ut de bou fuort en der wurdt it jild no wer foar brukt. De FNP hat altyd oan sa'n soarte WV-Iunksje tocht. De FNP stiet der tige posityf foar oer. De hear Ketellapper(GBL): De foarige kear wienen de finansjes it probleem. Der is wolris in probleem dat men wat taseit en dat it letter weromdraaid wurdt omdat men gjin jild hat. Hy tinkt derby oan de haven fan Britsum. Dy sil dochs earst oan bar komme moatte foardat men oan luksere saken begjint. GBL is bliid dat der no in fmansjeel plaatsje by leit. GBL kin mei it foarstel ynstimme. Wethalder Haites: Sy is bliid mei de positive halding fan de ffaksjes. De ffagen spitse har ta op de regresjilden. Men hat der achteroan west, mar men hat noch net streekrjocht heard wannear't men it krijt. Wethalder Keizer: De VNG hat de noed foar de regresjilden op him nommen. Der wie 15 miljoen op rinte set. Der sil under oaren dertroch mear jild loskomme. Dat komt del op 3% fan 900.000 euro: sa'n 27.000 euro. Dat sil der dizze simmer komme neffens de tasizzing. Wethalder Haites: De reservearring is dus seker en it jild krijt men dus noch dit jier. It is net hielendal wier dat der in kontingint ferlem giet, want dy bliuwt opde Tunmanswente. It kolleezje besiket wol in tal ferfangende wenningienheden te krijen. Wethalder Visser: Het schooltje in Koamjum is volgens haar aangedragen voor een bepaald project. Zij kan daar evenwel nog niets over meedelen. Wethalder Haites: Sy docht har uterste best om wat ekstra wenmooglikheden yn Koamjum te krijen. Boargemaster Ter Keurs: Het bedrag kan niet in de investeringslijst meegenomen worden. In het jaar waarin men het toezegt, moet men ook de dekking aangeven. Het regresgeld zal in ieder geval dit jaar binnenkomen. Twadde termyn Wethalder Keizer: De provinsje is dwaande om de VVV-funksje oan strenge easken foldwaan te litten. Dat it soe dan ek net om in folweardige VVV-funksje gean kinne. De hear De Kroon (PvdA): "WV" wurdt dan wizige yn "in VW-achtige funksje" in it amendemint.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 60