De hear Ketellapper(GBL): Aanst komt dat djoere spektakel fan in miljoen yn it sicht. Werom seit men net dat men yn de rin fan takom jier wat sicht op Aldlan II hat? Men soe sjen moatte dat men op 31 desimber 2009 jild op tafel hat. De haven fan Britsum is in skrinend gefal. Wat soe men fan Aldlan II brake kinne? Wethalder Haites: Sy hat net sein dat de moasje troch har ofwiisd wurdt. Mar it sil wol in lestich trajekt wurdt en it sil in protte jild kostje. De ried moat wol in dekking oanjaan. De hear De Kroon (PvdA): Hy fynt de reaksje fan it kolleezje net akseptabel. De gemeente hat in hierkontrakt mei de Klompskippers der't yn stiet dat de gemeente it grut underhald utfiert. Men hat net oan underhald dien. Men kin net in kontrakt slute sunder dat it jild kostet. Boargemaster Ter Keurs: Men kan nu niet zeggen dat het conform de constructie bij de tennisbanen geregeld moet worden. Het geld is er nu niet. De hear De Kroon (PvdA): It is net de bedoeling dat it krekt as by de tennisbanen utfierd wurde moat. De PvdA bedoelt dat men stribje moat nei in einresultaat as mei de tennisbaan mei in erfpachtkontrakt. Dat hoecht net it folle bedrach te kostjen. Men sil miskien yngripende besluten nimme moatte. De gemeente moat neffens it kontrakt it underhald op har nimme. As de feilichheid yn it geding is dan is dat neffens him al langer it gefal. Hie de moasje mar utfierd dan hie der no miskien al in oerienkomst west mei de Klompskippers. De gemeente moat de sterkst mooglike underhannelingskonstruksje ynnimme. Wethalder Keizer: It giet him om saken dat immen bygelyks troch de minne tastan fan de walbeskoei'ing syn foet ferknoffelet. De hear De Kroon (PvdA): De moasje fan de PvdA feroarsaket de unfeilichheid net. Melfou Wachter (CDA): Je kunt de veiligheid niet laten liggen. Als de kademuur inzakt dan moet je dat repareren. Er wordt vaak gesproken over heel veel geld. Zij heeft echter nog nooit concrete bedragen gehoord zodat men geen goede afwegingen kan maken. Wethalder Keizer: Dy binne yn eardere riedsperioades wol neamd. It sektorhaad is dwaande om in goed ynsicht te krijen. Mefrou Wachter (CDA): De kademuur moet voor 1 juni 2008 geregeld zijn. De hear Dijkstra (FNP): As men wat wol dan sil men der dochs wat jild by sette moatte. Men docht ek eigendommen fuort. As men ofstan docht dan kostet dat jild, mar dat is minder as wannear't men it sels utfiere moat. Men kin it ek net noch jierren sloere litte. De hear Pot (WD): In de onderhandelingen moet men een bepaald bedrag vaststellen. En dan wordt het een deal of geen deal. Lukt het niet dan gaat het de verkoop in. De hear De Kroon (PvdA): De situaasje yn Aide Leije en Feinsum is oars. It doel is dat der itselde berikt wurde kin. De hear Ekas (GBL): Hij hoort steeds weer nieuwe elementen. Er zijn zo veel verwarrende geluiden dat hij voorstelt nog een maand te wachten en dat men nog eens bij elkaar gaat zitten om een en ander op een rijtje te zetten. Om in klein comite te kijken waar men staat, want men heeft nu geen echt referentiekader. Waartoe is de gemeente bereid? Wethalder Haites: Dat makket allegearre diel fan de underhannelingen ut.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 67