parkearplakken ek kontakt opnimme kinne mei de minsken fan de iisbaan en de keatsferiening. De hear Pot (WD): Het risico is dat men 'overregelt' en dan krijgt men situaties als in Leeuwarden. Met het gedogen van parkeren op het plein voor het gemeentehuis komt men volgens hem verder dan het maken van parkeervakken. Men beschikt al over de kennis van politie en ROF. Je hoeft dus niet per se een deskundige in te huren. De hear Dijkstra (FNP): Der sieten wol sa'n 20 dielen yn it stik. It stik die him tinken oan Aristoteles: 'Het geheel is meer dan de som der delen'. Mar kin it wol in gehiel wurde? It sintrum en de oerringebieten fan Stiens binne de grutste problemen. Der is mar ien noard- sudrute (Langebuorren). Der moat men omtinken oan jaan en it oare kin wol oer 10 jier. Der lizze ek al rapporten fan u.o. BiigelHajema. Dy kin men der ek by beluke. Pak it lytsskalich op. Wethalder Keizer: Men hat besocht om in tal oandachtspunten op te skriuwen. Hy fielt oan dat de ried it tige beheind halde wol. Eins giet it yn de diskusje allinne oer de parkearproblemen. Hy wiist derop dat untwikkelingen altyd trochgeane. De 153 parkearplakken by Lidl/Poiesz losse wol wat op, mar hy makket him soargen oer it ferkear derhinne. Hy hie graach hearre wollen wat men al of net wol. De ried wol gjin djoere undersyksburo's en stapels papier. Men hat al oerlis han mei de minsken fan de iisbaan en de keatsclub. Der binne mooglikheden om parkearplakken oan te lizzen op strjittenivo. Letter kin der miskien noch mear romte op iisbaannivo komme. Hy hat genoch ynformaasje krigen fan de ried. Men moat him dus beheine ta de parkearplakken en letter de ferkearsofwikkeling oan de oarder stelle. Twadde termyn De hear Keuning (CDA): It parkearprobleem yn it sintrum fan Stiens is it grutste probleem. Dat wurdt neffens him al aardich oplost mei de neamde 153 parkearplakken. De hear De Kroon (PvdA): Hy femuveret him oer de konkluzjes fan de wethalder as soe der allinne mar nei it parkearen sjoen wurde moatte. In polityk kafee kin men op koarte termyn halde en dan wit men yn oktober wat de winsken binne. It giet de PvdA ek om de ferkearsofwikkeling. Wethalder Keizer: De mearderheid fan de ried wol har beheine ta de parkearproblemen en letter pas op de oare saken weromkomme. It neidiel fan in polityk kafee is dat der roppen en raasd wurdt. Der binne goede kontakten mei PB Stiens, dy't ek ynformaasje oer it parkearen jaan kin. De hear De Kroon (PvdA): Der is in gearhing tusken parkearen en ferkearsofwikkeling. Men sil dus goed witte moatte wat de boargers derfan tinke. Nei de ferkearsnota yn 2005 ('it kin noch krekt') hawwe der yn Stiens noch aardich wat untwikkelings west. De PvdA pleitet derfoar om de saak op in effektive manier oan te pakken. De hear Elgersma (GBL): Is wiis mei de ofspraken mei iisclub en keatsclub. Huzebou yn bepaalde gebieten soe miskien op 'n doer wat ferkearsproblemen opsmite kinne. De winkels hawwe de parkearplakken op sa'n lokaasje ynrjochte dat der neffens him net safolle problemen ut fuortkomme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 8