De hear Pot (WD): Men moet afwachten wat de toekomst aan problemen voor het parkeren zal geven. De loop van de bus door het centrum is wel eens aanleiding van klachten bij aanwonenden. Daar zou men ook eens naar moeten kijken. De hear Dijkstra (FNP): Men wol mar wer ofwachtsje. Dat is neffens him altyd it probleem yn de gemeente. Mar men moat 10 jier foarut sjen. It ferkear nimt ta en der komt mear bebouwing en de tagong nei it sintrum sil ek lestiger wurde. Men moat net sa lang wachtsje dat de minsken har nocht derfan krije en har fan Stiens ofkeare. Beluk de eardere undersiken yn de oanpak. Wat is de ynfloed fan it tanimmende ferkear op it sintrum fan Stiens? Parkearen is in underdiel fan it ferkear. De hear Ketellapper(GBL): Hy is bliid dat der mei de minsken fan de iisbaan praat is en dat der positive saken berikt binne. Men soe miskien de iisbaan yn beton lizze kinne mei in rantsje deromhinne sadat men nei in pear nachten ffoast der ek ride kin. Men soe it dan miskien sa'n 75 sm under de dyk oanlizze kinne, sadat de auto's minder yn it sicht binne. Wethalder Keizer: Men sit noch net yn de utfieringsfaze. Der binne 9 plakken der't de auto's ek al yn it sicht steane. De keatsclub en de iisclub binne kwa romtebeslach akkoart. Hy freget him of oft it sinfol is om mei in seal fol minsken it ferkearsbelied oan de oarder te stellen. Men kin better earst sels in hanfet jaan. It kolleezje stiet in yntegrale oanpak foar. Twatredde fan de ried giet deryn net mei. It liket him goed ta dat earst it parkearen oan bod komt. De hear De Kroon (PvdA): De wethalder hat ek wiisd op de ferkearsofwikkeling by de Lidl/Poiesz. De oare partijen hawwe ek saken oer de ferkearsofwikkeling neamd. De foarsitter: Vraagt of de raad een brede notitie over verkeer en verkeersafwikkeling wil of dat men het wil beperken tot het parkeerprobleem. De hear De Kroon (PvdA): Men hat ferlet fan in quickscan fan it hiele spektrum. Op grun fan dy quickscan bepaalt de ried hokker punten de kommende jierren oanpakt wurde moatte. De hear Dijkstra (FNP): Hy is foar in breed undersyk foar it sintrum. De hear Keuning (CD A): Het CD A heeft op dit moment geen behoefte aan een breed onderzoek. De hear Pot (WD): Een breed onderzoek gaat hem te ver. Houd het eerst alleen bij het parkeren. De hear Elgersma (GBL): GBL wol net achteroerhingje, mar men wol dochs de untwikkelings earst ofwachtsje. De foarsitter: Hij concludeert dat de wethouder aan de slag zal gaan met een notitie over het parkeren met behulp van de NHL of een andere instelling.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 9