om it wenningkontingint oan te foljen? De PvdA kin mei it foarstel ynstimme under taheakke oan it beslut as amendemint: "mei as foarwearde oan de takenning dat de oanfrager yn de Tunmanswente sunder finansjele stipe fan de gemeente mei yngong fan 2009 in stipepunt ynrjochtet foar rekreaasje en toerisme mei VW funksje foar Ljouwerteradiel". De hear Tuininga (FNP): Hy is bliid dat der no mear partijen foar binne. De regresjilden komme lit de bou fuort en der wurdt it jild no wer foar brukt. De FNP hat altyd oan sa'n soarte WV-funksje tocht. De FNP stiet der tige posityf foar oer. De hear Ketellapper(GBL): De foarige kear wienen de finansjes it probleem. Der is wolris in probleem dat men wat taseit en dat it letter weromdraaid wurdt omdat men gj in jild hat. Hy tinkt derby oan de haven fan Britsum. Dy sil dochs earst oan bar komme moatte foardat men oan luksere saken begjint. GBL is bliid dat der no in finansjeel plaatsje by leit. GBL kin mei it foarstel ynstimme. Wethalder Haites: Sy is bliid mei de positive halding fan de fraksjes. De ffagen spitse har ta op de regresjilden. Men hat der achteroan west, mar men hat noch net streekrjocht heard wannear't men it krijt. Wethalder Keizer: De VNG hat de noed foar de regresjilden op him nommen. Der wie 15 miljoen op rinte set. Der sil under oaren dertroch mear jild loskomme. Dat komt del op 3% fan 900.000 euro: sa'n 27.000 euro. Dat sil der dizze simmer komme neffens de tasizzing. Wethalder Haites: De reservearring is dus seker en it jild krijt men dus noch dit jier. It is net hielendal wier dat der in kontingint ferlem giet, want dy bliuwt opde Tunmanswente. It kolleezje besiket wol in tal ferfangende wenningienheden te krijen. Wethalder Visser: Het schooltje in Koarnjum is volgens haar aangedragen voor een bepaald project. Zij kan daar evenwel nog niets over meedelen. Wethalder Haites: Sy docht har uterste best om wat ekstra wenmooglikheden yn Koarnjum te krijen. Boargemaster Ter Keurs: Het bedrag kan niet in de investeringslijst meegenomen worden. In het jaar waarin men het toezegt, moet men ook de dekking aangeven. Het regresgeld zal in ieder geval dit jaar binnenkomen. Twadde termyn Wethalder Keizer: De provinsje is dwaande om de WV-funksje oan strenge easken foldwaan te litten. Dat it soe dan ek net om in folweardige WV-funksje gean kinne. De hear De Kroon (PvdA): "VW" wurdt dan wizige yn "in VW-achtige funksje in it amendemint. De hear Tuininga (FNP): It kolleezje soe stjonkend har best dwaan om wenromte foar Koarnjum te kreearjen. De earste trije punten steane al yn it foarstel. It 4e punt moat net al te streng oplein wurde. De hear Van der Werff: Men hat der gjin inkelde muoite mei om in VVV-achtige funksje oan de Tunmanswente te jaan. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat genoch ynformaasje krige fan de ynsprekker. It kin om GBL wol trochgean. De hear Keuning (CDA): As de wethalder der sa seker fan is dat de regresjilden der komme dan moat men derop ofgean. Miskien sil it mei de subsydzjes wol liede ta mear jild. It CDA is foar it foarstel. De hear Pot (WD): Hij gaat ervan uit dat de regresgelden er komen. De WD is voor het voorstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 13