dat foar de PvdA ek akkoart. Mei de amendearrings fan alle kanten soe hy oan de moasje fan de PvdA festhalde wolle. De foarsitter: Schorst de vergadering om de partijen gelegenheid voor overleg te geven. De foarsitter: Heropent de vergadering. Beide moties zijn feitelijk onuitvoerbaar. Het onderhoud kost minimaal enige tonnen en er is een tekort van enige tonnen bij de begroting te verwachten. Hij wijst erop dat er bij de tennisbanen geld gereserveerd was. Wethalder Haites: Oangeande it akkommodaasjebelied merkt sy op dat de jachthaven der ek by heart oangeande de opstallen. Mar it wurdt no breder lutsen.Men kin it dus net krekt sa oplosse as mei de tennisbanen, want der wie jild foar de tennisbanen reservearre. As men ien kear oer de hobbel hinne is, hat men wer in foardiel. Sa soenen de Klompskippers nei privatisearring in tal saken effisjinter oanpakke kinne as de gemeente, mar der is gjin jild foar reservearre. As men der echt net utkomt, dan soe men prate moatte oer ferkeap. Der is gjin dekking by de moasje oanjun. Wethalder Keizer: Hy wol graach in ferdudliking by punt 3. Wurdt alle underhald derunder ferstien? De kaaimuorre stiet der buten, mar hoe stiet it mei de rest? Oangeande punt 3.4 om de kosten foar de havens fan Aide Leije en Feinsum minimaal te halden. Sit der ek in privatisearringsopdracht achter? De hear Ketellapper(GBL): Aanst komt dat djoere spektakel fan in miljoen yn it sicht. Werom seit men net dat men yn de rin fan takom jier wat sicht op Aldlan II hat? Men soe sjen moatte dat men op 31 desimber 2009 jild op tafel hat. De haven fan Britsum is in skrinend gefal. Wat soe men fan Aldlan II brake kinne? Wethalder Haites: Sy hat net sein dat de moasje troch har ofwiisd wurdt. Mar it sil wol in lestich trajekt wurdt en it sil in protte jild kostje. De ried moat wol in dekking oanjaan. De hear De Kroon (PvdA): Hy fynt de reaksje fan it kolleezje net akseptabel. De gemeente hat in hierkontrakt mei de Klompskippers der't yn stiet dat de gemeente it grut underhald utfiert. Men hat net oan underhald dien. Men kin net in kontrakt slute sunder dat it jild kostet. Boargemaster Ter Keurs: Men kan nu niet zeggen dat het conform de constructie bij de tennisbanen geregeld moet worden. Het geld is er nu niet. De hear De Kroon (PvdA): It is net de bedoeling dat it krekt as by de tennisbanen utfierd wurde moat. De PvdA bedoelt dat men stribje moat nei in einresultaat as mei de tennisbaan mei in erfpachtkontrakt. Dat hoecht net it folle bedrach te kostjen. Men sil miskien yngripende besluten nimme moatte. De gemeente moat neffens it kontrakt it underhald op har nimme. As de feilichheid yn it geding is dan is dat neffens him al langer it gefal. Hie de moasje mar utfierd dan hie der no miskien al in oerienkomst west mei de Klompskippers. De gemeente moat de sterkst mooglike underhannelingskonstruksje ynnimme. Wethalder Keizer: It giet him om saken dat immen bygelyks troch de minne tastan fan de walbeskoei'fng syn foet ferknoffelet. De hear De Kroon (PvdA): De moasje fan de PvdA feroarsaket de unfeilichheid net. Mefrou Wachter (CDA): Je kunt de veiligheid niet laten liggen. Als de kademuur inzakt dan moet je dat repareren. Er wordt vaak gesproken over heel veel geld. Zij heeft echter nog nooit concrete bedragen gehoord zodat men geen goede afwegingen kan maken. Wethalder Keizer: Dy binne yn eardere riedsperioades wol neamd. It sektorhaad is dwaande om in goed ynsicht te krijen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 18