VERSLAG RAAD 15 MEI 2008 13 Ludsbelied De hear Keuning (CDA): De streefwearden yn it butengebiet en de doarpen moat men net te leech stelle, want oars kin men letter miskien mei hege kosten konfrontearre wurde. Men is it iens mei de 10 punten. It CD A is fierder foar opsje 2. De hear De Kroon (PvdA): De notysje jout in goed byld. Der is net echt sprake fan ludsoerlest yn de gemeente en derom moat men utgean fan it basisnivo. Oer hokker situaasjes besteane klachten? Op it bedriuweterrein giet men ut fan in mienskiplike belesting foar alle bedriuwen. Kinne de earste bedriuwen dan mar raak leven meitsje en de lesten hast neat? It kolleezje krijt it foech om hegere foarkarswearden fest te stellen 'mits geluidsreducerende maatregelen niet voldoende doeltreffend zijn'. Der soe men neffens him oan taheakje moatte 'en kosteneffectief zijn'. Soe men net as grinswearde foar de bedriuweterrein 55 dB ynfolje moatte omdat dat de lanlike grinswearde is? Op side 6 giet it oer it butengebiet. De lanlike grinswearde is 53 dB en yn it stik 65 dB. Moat dat en kin dat? De hear Dijkstra (FNP): Hy mist wat ynformaasje werom't men no in nij stik hat. De benadering is hjoed de dei oars: men besjocht it lud per gebiet en men stelt derfoar in ludsprofyl op. Men krijt hyltyd mear lud yn de takomst en men moat sjen wer't men dat al of net hawwe wol. Wer haldt it sintrumgebiet op en wer begjint de wenwyk? Neffens him is it sintrumgebiet ynklusyf de oerringebieten. De hear Ekas nimt eefkes it foarsitterskip oer. De hear Dijkstra (FNP): De FNP kin him aardich fine yn de 10 punten, utsein it leste punt. Men moat net in protte jild utjaan foar in marzjinale ludsferbettering. Jou oeral ta ferliking de lanlike wearde fan 63 dB oan. De FNP kiest foar it basisplan. As men in te strakke noarm stelt dan stiet dat untwikkelings yn it paad. Yn it aide sintrum fan Britsum meie untwikkelings plakfine. Der soe in hegere wearde kinne. Fierder is de FNP foar opsje B. De boargemaster nimt it foarsitterskip wer oer. De hear Elgersma (GBL): De noarmen moatte te hanthavenjen weze en betelber weze. Hald fest oan de lanlike normearring. Hy wol graach wat foarbylden fan punt 9 hearre. Ek GBL wol fan it basisnivo utgean. De hear Pot (VYD): De WD kan zich redelijk vinden in de tekst van het stuk. Het heeft voor de WD geen zin om strenger te zijn dan de landelijke norm. Men heeft dan ook niet de behoefte om de waarden te veranderen. Het streven moet erop gericht zijn om binnen de landelijke normen te vallen. Wethalder Haites: Men hat in basisaltematyf dat oanslut op de besteande situaasje en der't men foar de takomst ek mei ut de fuotten kin. Der binne in pear problematyske gebieten lykas by it Heechhof. Dat moat yn de feroardering opnommen wurde. By belangrike

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 219