untslutingswegen kin men ek de grinswearde oanhalde om problemen foar de takomst foar te kommen. Nei de rekonstruksje fan it sintrumgebiet wienen der noch wol klachten fan ferkearsdruk en trillingshinder. De klinkerbestijitting heart neffens it kolleezje by it yntime karakter fan it doarp. In pear bedriuwen jouwe noch wat oerlest by it Heechhof, mar dy hawwe noch rjochten fanut it ferline. De fleanbasis is fansels ek in boame fan ludsoerlest. Der is in totaal ludskwotum foar in bedriuweterrein. Dat haldt lykwols net yn dat der gjin ludsromte weze soe foar bedriuwen dy't har letter festigje. Men haldt in ludsboekhalding by en stjoert dermei de ludsrjochten fan elk bedriuw. Dertroch bliuwt de ludsutstrieling nei de wenwiken binnen de feststelde noarm. Yn it bestimmingsplan haldt men rekken mei dizze situaasje troch 'lawaaierige' bedriuwen yn it sintrum under te bringen en stillere oan de rane. Oangeande punt 10. Men kin op bepaalde plakken wol wat oanpasse mar it moat yndied wol yn ferhalding weze mei de kosten. Der kin dus 'kosteneffectief oan taheakke wurde. Der is bewust keazen foar de noarm by de bedriuweterreinen omdat de troch de hear De Kroon neamde lanlike noarm jildt foar sonearre yndustryterreinen en dy hat men hjir net. De grinswearde foar de untslutingswegen yn it butengebiet moat yndied gjin 63 dB weze mar 53 dB weze en de streefwearde 48 dB. Dat sil oanpast wurde. It kaartsje by de aide ludsnota wie net botte dudlik. It sintrumgebiet en de oerringebiet falle mei inoar gear. Oanpassingen sille kosteneffektyf weze moatte. Sy kin sa gjin foarbyld jaan fan punt 9. De hear Knol (MAD): It giet derby om skoallen, fersoargingtehuzen, sikehuzen ensafuorthinne. Dat is lanlik regele. De foarsitter: De raad heeft haar gevoelens kenbaar gemaakt en de opmerkingen zullen meegenomen worden bij de behandeling van de geluidsnota op 26 juni.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 220