It kolleezje krijt it foech om hegere foarkarswearden fest te stellen 'mits geluidsreducerende maatregelen niet voldoende doeltreffend zijn'. Der soe men neffens him oan taheakje moatte 'en kosteneffectief zijn'. Soe men net as grinswearde foar de bedriuweterrein 55 dB ynfolje moatte omdat dat de lanlike grinswearde is? Op side 6 giet it oer it butengebiet. De lanlike grinswearde is 53 dB en yn it stik 65 dB. Moat dat en kin dat? De hear Dijkstra (FNP): Hy mist wat ynformaasje werom't men no in nij stik hat. De benadering is hjoed de dei oars: men besjocht it lud per gebiet en men stelt derfoar in ludsprofyl op. Men krijt hyltyd mear lud yn de takomst en men moat sjen wer't men dat al of net hawwe wol. Wer haldt it sintrumgebiet op en wer begjint de wenwyk? Neffens him is it sintrumgebiet ynklusyf de oerringebieten. De hear Ekas nimt eefkes it foarsitterskip oer. De hear Dijkstra (FNP): De FNP kin him aardich fine yn de 10 punten, utsein it leste punt. Men moat net in protte jild utjaan foar in marzjinale ludsferbettering. Jou oeral ta ferliking de lanlike wearde fan 63 dB oan. De FNP kiest foar it basisplan. As men in te strakke noarm stelt dan stiet dat untwikkelings yn it paad. Yn it aide sintrum fan Britsum meie untwikkelings plakfine. Der soe in hegere wearde kinne. Fierder is de FNP foar opsje B. De boargemaster nimt it foarsitterskip wer oer. De hear Elgersma (GBL): De noarmen moatte te hanthavenjen weze en betelber weze. Hald fest oan de lanlike normearring. Hy wol graach wat foarbylden fan punt 9 hearre. Ek GBL wol fan it basisnivo utgean. De hear Pot (VYD): De YYD kan zich redelijk vinden in de tekst van het stuk. Het heeft voor de VVD geen zin om strenger te zijn dan de landelijke norm. Men heeft dan ook niet de behoefte om de waarden te veranderen. Het streven moet erop gericht zijn om binnen de landelijke normen te vallen. Wethalder Haites: Men hat in basisaltematyf dat oanslut op de besteande situaasje en der't men foar de takomst ek mei ut de fuotten kin. Der binne in pear problematyske gebieten lykas by it Heechhof. Dat moat yn de feroardering opnommen wurde. By belangrike untslutingswegen kin men ek de grinswearde oanhalde om problemen foar de takomst foar te kommen. Nei de rekonstruksje fan it sintrumgebiet wienen der noch wol klachten fan ferkearsdruk en trillingshinder. De klinkerbestrjitting heart neffens it kolleezje by it yntime karakter fan it doarp. In pear bedriuwen jouwe noch wat oerlest by it Heechhof, mar dy hawwe noch rjochten fanut it ferline. De fleanbasis is fansels ek in boame fan ludsoerlest. Der is in totaal ludskwotum foar in bedriuweterrein. Dat haldt lykwols net yn dat der gjin ludsromte weze soe foar bedriuwen dy't har letter festigje. Men haldt in ludsboekhalding by en stjoert dermei de ludsrjochten fan elk bedriuw. Dertroch bliuwt de ludsutstrieling nei de wenwiken binnen de feststelde noarm. Yn it bestimmingsplan haldt men rekken mei dizze

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 12