De hear De Jager (CDA): Kin de wethalder sizze wanneer't it nije miljeubeliedsplan 2009 oan de oarder komt? De achterstan op it med fan hanthaving moat sa gau mooglik fiiortwurke wurde. De hear Elgersma (GBL): Men kin no wol moai meinimme wat der oan no ta bard is. Hy neamt in tal ofkoartings dy't it stik net lesberder meitsje. De hear Ketellapper(GBL): Wat foar bedriuwen binne kategory 4-bedriuwen? De hear Dijkstra (FNP): It giet by it aktiviteiteprogramma om in opsomming fan bedriuwen der't men hinne giet en der wol de ried fierder net yn stjoere. Wethalder Haites: It argumint fan it kolleezje om gjin nij miljeubeliedsplan te skriuwen wie benammen finansjeel fan aard. Sy sil oerlizze mei de Milieu Advies Dienst wannear't it miljeubeliedsplan yn 2009 oan de oarder komt. Men haldt de finger oan de pols oangeande de hanthaving. Kategory 4- bedriuwen binne bedriuwen mei de swierste miljeubelesting. De bedriuwen wurde net alle jierren besocht. In aktiviteitenprogramma haldt mear yn as allinne it besykjen fan bedriuwen. Meffou Ennour (PvdA): Zij merkt op dat het aan de raad is om te beslissen over de noodzakelijkheid van een nieuw milieubeleidsplan. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 12. Utfiering finansjele oardering yn relaasje ta it projekt 'Noordelijke Elfsteden Vaarroute' (NEV) De hear Ketellapper(GBL): GBL is der net foar, want men wol earst helder hawwe wat de konsekwinsjes binne. De hear Dijkstra (FNP): De FNP hat der net safolle muoite mei, want oars moat men hyltyd wer prate mei de underskate partijen en dan duorret it wer safolle langer. De hear De Kroon (PvdA): De sinten foar it projekt fan de Alvestedefarrute sitte yn de administraasje fan Ljouwerteradiel en dertroch komme dy yn de feroardering, mar de ried kin der fierder net oer beslute en de PvdA is derom foar de utsundering. Men hat wol ferlet fan in skerper sicht op de fuortgong. Faze 2 wurdt troch in bydrage fan it Waadfuns stipe. Hoe sit it mei de ferbining fan Stiens mei de Alvestedefarrute, hoe sit it yn de tiid en mei de sinten dy't Ljouwerteradiel deryn stekt? De hear Pot (WD): 50.000 euro is bij zo'n groot project peanuts. Het zou erg omslachtig zijn als men elke keer voor zulke bedragen naar de raad moet komen en daarom kan hij wel met het voorstel instemmen. Als het over zaken binnen de gemeente gaat, dan kan men er wat meer over zeggen. Meffou Wachter (CDA): Het is volgens haar goed dat men niet al de verschillende bedragen onder ogen krijgt. Op datgene waar Leeuwarderadeel financieel een rol in speelt, moet men wel goed inzicht hebben. Het CDA kan verder met het voorstel instemmen. Wethalder Keizer: De akkountant wurdt der alle jierren by belutsen. Hy kin net krekt oanjaan wat de gemeente no krekt oan bepaalde saken bydroegen hat. Der is in pot fan alle gemeenten

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 10