Men moat in kear fan de oerienkomsten of en dat kin mooglik by de plannen foar it keunstgersfjild. De 16.000 euro foar de doarpshuzen liket op harsels net in probleem, mar ek hjir mist hy de bydrage fan wethalder Visser. Wethalder Visser: Men heefit een en ander eerder besproken bij de financiele commissie. Er is geen enkele opdracht aan haar meegegeven. Zij zal echter de signalen meenemen. Wethalder Keizer: De measte partijen kieze by it grienbehear foar de middenfariant. De PvdA kiest foar de tredde fariant en dan wit men net wer't men bedarret. De hear De Kroon (PvdA): It kin neffens him oars en de PvdA soe derom mei in moasje komme kinne. Wethalder Keizer: Der binne blykber foarbylden fan in oare oanpak fan grienbehear yn it lan, mar it sit him wat dwers dat der foarsteld wurdt dat der net effisjint wurke wurdt. Men sil skerp bliuwe, mar is miskien noch net skerp genoch. By it bregebehear is de besunigingsfariant ferantwurde, mar dat wol net sizze dat der him net in kalamiteit foardwaan kin. By gebouwebehear wurde meardere offertes ffege en dy lizze ticht by de ruzings en soms derunder. Wethalder Haites: It Gryn. De mearderheid fan de ried wol net nei oare slutingstiden sjen en ek it butenbad net slute mar wiist wol op in oare oanpak fan in tal saken. Der is neffens de behearder wol op underhald te besunigjen, mar dy is al by gebouwebehear underbrocht. It swimbad is noch wol underdiel fan de gemeentlike organisaasje en salang kin men net under de ynteme trochbelesting ut. De suggestjes oer it skoalswimmen sil sy meinimme. As oaren it lesswimmen lykwols utfiere dan hat it direkte gefolgen foar it personiel. Is it reeel dat men trochgiet mei de ferselsstanniging? De ried lit dus de grutte besunigings foar it Gryn buten skot. It mfc Britsum. Yn septimber hawwe it kolleezje en de fraksjefoarsitters by inoar west. Men makke doe in ruzing fan de kosten. It kolleezje is kaam mei altemativen. De partisipanten wolle hier betelje, mar ynvestearje net yn it gebou. Men is noch net yn direkte underhannelings mei in wenningboukorporaasje, mar men moat wol foar eagen halde dat sa'n korporaasje gjin Sinteklaas is. As de ried fynt dat men mei de brede fariant trochgean moat dan sil it kolleezje op dat paad fierder gean. Datselde jildt foar it keunstgersfjild. It kolleezje wol earst it fiat hawwe fan de ried foar ien of twa keunstgersfjilden en dan kin men mei de ferienings underhannelje. De neamde bedraggen binne yndikaasjes. Sy stelt fest dat elkenien akkoart is mei de subsydzjes foar de doarpshuzen. Wethalder Keizer: It hat eefkes duorre mei de utfiering fan it snippergrienbelied. Der binne al ferskate kontrakten tekenje. De ried krijt in oersjoch fan de oanfragen. It kolleezje sil sjen nei de mooglikheid foar underhald troch boargers fan it grien en hy sil de ried deroer skriftlik ynformaasje oer takomme litte. Wethalder Visser: De apparaatskosten zullen verder binnen de dienst aan de orde gesteld worden. Zij is daarbij ook afhankelijk van anderen. Twadde termvn 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 15