Mefrou Wachter (CDA): Zij mist een antwoord over haar suggestie over het gebruik van energie via de biogasinstallatie. Op grond van de informatie over de bezuinigingen op gebouwen zou men daar blijkbaar nog iets op kunnen bezuinigen. Zij wijst erop dat men in plaatsen als Kuinre heel goed op de hoogte is van inzet van burgers. De hear Ketellapper(GBL): Men kin dochs mei de sportferienings prate oer har eventuele bydrage oan in keunstgersfjild? En men kin dochs ek wol wat mear dudlikheid jaan oer de mooglike partisipanten by Britsenburgh? Hy wiist derop dat de keunstgersfjilden der neffens it CD A yn 2010 komme moatte soenen. De hear Dijkstra (FNP): Hy wiist der nochris op dat de twa lokalen fan de Twilling nei Britsum kinne en dan is Britsenburgh der in skoftke mei holpen. De hear De Kroon (PvdA): It underhald by it Gryn is neffens de PvdA 80.000 euro te djoer. Hy snapt de riddenaasje fan de wethalder oer dit punt net. Datselde jildt foar de kwestje fan de de trochbelesting. Hy sjocht gjin bedriging foar de wurknimmers fan it swimbad oft it lesswimmen op in oar oergiet. Men moat dochs om de rekreanten tinke dy't foar in part it bad neist it lesswimmen brake? Yn it bedrach foar Britsum sitte noch gjin bedraggen fan bygelyks de wenningboukorporaasje. Men sil yn alle gefallen in yndikaasje hawwe moatte. As de gemeente fan tefoaren sinten delleit dan is men dy yn it foar al kwyt. Hoe sit it mei de ferhalding fan de subsydzjes oangeande de Kampioen en Britsenburgh? Men soe mei de ried yn diskusje gean oer de apparaatskosten foardat de wethalder dat yn de tsjinst ynbringt. Wethalder Haites: Der binne plannen om te undersykjen oft men de biogasynstallaasje keppelje kin oan it swimbad. Yn it gebouwebehear sit in besuniging fan 25% en der heart it swimbad as gebou ek by en dat is ek as sadanich ynboekt. De hear De Kroon (PvdA): In gebou wurdt underhalden en dat kostet in bepaald bedrach en dat kin men net trochberekkenje oan oaren. Wethalder Haites: Sy sil dat krekt neigean. De partisipanten yn it mfc ynvestearje net yn de boukosten, mar wolle in merkkonfoarme hier betelje. Men hoecht allinne mei de wenningboukorporaasje om 'e tafel. Sy tinkt dat it uteinlike bedrach earder heger as leger wurde sil. De boukosten wurde ommers mei de tiid ek heger. De hierynkomsten binne fan ynfloed op de eksploitaasje. Foar de simmer wie der in rapport oer de kosten fan it keunstgersfjild. Men moat de underhannelings noch yngean. Mar wol de ried it foar de kiezzen nimme? It kolleezje sil sa skerp mooglik underhannelje. It seisde altematyf foar Britsum fan de FNP (de twa lokalen) sil meinommen wurde. De trochbelesting drukt op it swimbad salang't it swimbad net ferselsstannige is. Sy sil nochris sjen nei in oare oanpak fan it skoalswimmen. De bedraggen foar de doarpshuzen yn it beliedsplan binne helle ut de behearsplannen. De doarpshuzen hawwe it mei de amtner trochnommen en binne dermei akkoart gien. It iene doarpshus krijt dus yndied mear as it oare. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 16