By it sportkompleks Koamjum/Jelsum stiet dat de klaai-akkommodaasje grutter wurden is. De akkommodaasje is lykwols grutter wurden en net de klaai-akkommodaasje. De hear Pot (WD): Wat bedoelt men op bladzijde 2 met een hellingbaan? Ook begrijpt hij het woord 'opstelrecht' niet. De hear Keuning (CDA): Wat is de stand van zaken aangaande het raadsbesluit over het opstarten van de privatisering, het opzeggen van de huurtermijn en van het, in afwachting van de resultaten, geen uitvoeren van groot onderhoud bij de jachthaven van Britsum? De hear Ketellapper(GBL): Hy nimt oan dat it measte goed underboud is. GBL is net sa wiis mei de erfpachtkonstruksj e. Der moat men net al te maklik mei omgean, want it rint jin letter faak foar de fuotten. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat de fragen skriftlik foarlein sadat de wethalder har der goed op tariede koe. Men krijt no ek bettere antwurden. Men ferskilt prinsipieel fan miening mei it kolleezje oer de hierterminen. Men sil yn Feinsum en Aide Leije aanst passantehavens yn it ramt fan de Alvestedefarrute oanlizze. Dat soe wol kinne as men tagelyk ek prate kin oer it kontrakt. Sa soe men ek hannelje moatte by de Stipe. Men moet net in sint oan it keunstgersfjild utjaan as men it kontrakt net iepenbrekke wol. Wethalder Haites: It kontrakt mei de wettersportferiening is op 'e tiid opsein. It is in hellingbaan foar skipsreparaasjes en 'opstelrecht' moat 'opstalrecht' weze. It kontrakt kin net iensidich troch de gemeente opsein wurde. Beide partijen moatte ynstimme. Eins wurdt it in soart 'uitsterfconstructie' as de oare partij der net oan wol. De kaaimuorre is makke, it underhald is utsteld, it kontrakt is dus opsein en de underhannelings mei de Klompskippers binne opstart. Sy betanket de PvdA foar de skriftlik tastjoerde fragen. De situaasjes yn Feinsum en Aide Leije ferskille wezentlik fan dy yn Britsum. Der is gjin wettersportferiening dy't sa'n haven eksploitearje wol. It liket har no gjin gaadlik momint om it kontrakt iepen te brekken oangeande de Stipe. De ried moat earst utslutsel jaan oer in keunstgersfjild. It iene is oan it oare ferbun. De hear De Kroon (PvdA): Kontrakten moat men fansels neikomme, mar as in oare partij wat wol dan kin men sa'n kontrakt oan de oarder stelle. Hy nimt oan dat DB yn Aide Leije wol graach in passantehaven wol en dan sil men it kontrakt derby beluke moatte. De hear Elgersma (GBL): De hear De Kroon wol de hierterminen dus bine oan de kontrakten. De sportferienings moatte lykwols troch sa'n opstelling net yn de fmansjele problemen komme. De hear De Kroon (PvdA): Men moat effisjint mei de middelen omgean. De PvdA is net fan doel om ferienings de nekke om te draaien. De hear Ketellapper(GBL): It kontrakt rint noch wol wat jierren en der sil men wol oan festhalde wolle. Hy hat fan de sportferienings wol begrepen dat men op in oare wize in bydrage leverje wol. De gemeente ferhiert in sportkompleks, hat datoangeande ferplichtings en der heart miskien in keunstgersfjild by. Hy fynt net dat men de plannen as brekizer brake moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 8