f Klip) Ljouwerteradiel RAAD d.d. 6 november 2008 Motie aangenomen met 9 stemmen VOOR en 5 stemmen TEGEN Moasje oangeande de oanlis fan in keunstgersfjild op it Gryn yn Stiens De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 6 novimber 2008, oerwaagjend dat: - de sitewaasje fan de fuotbalfjilden en it treningsfjild op it sportkompleks it Gryn al lange tiid yn'e knipe sit, - de besetting fan boppeneamde fjilden noch hyltiid tanimt, - troch de yntensive belesting faaks wedstriden oflast wurde, beslut dat: - it kolleezje de oanlis fan in keunstgersfjild op it sportkompleks it Gryn foar it fuotbalseisoen 2009-2010 realisearret, - de realisaasje fan dit keunstgersfjild belutsen wurdt by de underhanne- lingen oer in nije oerienkomst oangeande de status en it behear fan de Stipe, - de dekking fan de jierlest 2009 helle wurdt ut de bestimmingsreserve "komuitleg" (boppewykse foarsjenning), en giet oer ta de oarder fan de dei. FNP-ffaksje Ljouwerteradiel Folkert Dykstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 182