GEMEENTE 5b LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 20 novimber 2008 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju J. Ennour (PvdA), M. Wagenmakers (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA), P.A.M. Slagter-Adelaar (GBL) en de hearen H. de Jager (CDA), J.E. Keuning (CDA), J. Pot (WD), H. de Kroon (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), R.A. Ketellapper (GBL) en M. de Haan (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear E.J. ter Keurs (boargemaster), de hear J.S. Keizer (wethalder), mefrou G.Visser (wethalder) en mefrou F. Haites-Miedema (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: mefrou A.Wachter-van Veen (CDA). 1. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering. 2. Feststellen wurklist De agenda wordt conform vastgesteld. 3. Ynsprekrjocht boargers Der binne gjin ynsprekkers. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Tuininga (FNP): De bewenners fan de Moundyk hienen fragen oer it keunstwurk by de ovonde en oer wetteroerlest. Under hokker bestimmingsplan fait de ovonde? Wannear binne de omwenners ynljochte oer de komst fan de ovonde en troch wa? Is de provinsje fergunningplichtich oangeande it keunstwurk? As it wetterpeil yn it Nijlan heech is dan giet it wetter rjochting Uniawei. Is de ofwettering op de Stienserfeart tastien? Hy hat ek in fraach oer it bouplan fan Smelbrege 9. It kolleezje wol de utwreiding net tastean. Kin de wethalder utlizze wat der krekt oan de han is? Wethalder Keizer: De ovonde fait under it bestimmingsplan Stiens Sintrum. Der wie foar de oanlis gjin oanpassing fan it bestimmingsplan nedich. Yn 'e rin fan 2007 is bekend wurden dat der in ovonde komme soe en hat der in ynformaasjejun west. Dat hat de provinsje op him nommen. De ferljochtingsarmatueren fan it keunstwurk baarne en der is gjin fergunning foar nedich. Der hat oerlis west mei de omwenners oer wetteroerlest. As de kolken fol sitte en it wetter in net-winske rjochting utgiet, dan moat der wat oan dien wurde. De ferantwurdlikheid leit derta by de provinsje. De rydbaan liket heger te lizzen. Hy kin fierder oangeande it bouplan Smelbrege gjin meidielings dwaan, omdat it noch op besjen leit. De hear Tuininga (FNP): De iennichste foarljochting oer de ovonde hat dus op it gemeentehus west? 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 17