De hear Keuning (CDA): It CDA kin mei de moasje sa't dy no (fersobere) foarleit ynstimme. Hy soe noch wolris nei dat feilichheidsgefoel fan sebra's sjen wolle. De hear Pot (VYD): De gebruiker bepaalt uiteindelijk het verkeersbeeld. Een chaotische situatie kan soms een stukje veiligheid genereren. Wat voor oplossingen kan men vinden om het oversteken van kinderen bij de scholen veiliger te maken? Zijn klaarovers een optie? Verbetering van veilig verkeer is altijd toe te juichen, maar je blijft altijd dwaze verkeersdeelnemers houden. De hear Tuininga (FNP): It giet dus oer de punten 1 en 2 by it kolleezje oansteande tiisdei. Dermei kin er akkoart gean. De FNP kin ek ynstimme mei 4.1.1. By de Aaltsjemuoistege hat men deselde situaasje as by de Piter Jellessingel. De hear Elgersma (GBL): GBL kin ynstimme mei punt 1 en 2. Men hat eins te min parkearplakken yn it sintrum en dat soe men by 4.1.1 meinimme moatte. Men mei by de Aldi wol fytse, mar by it oerstekken moat men ofstappe. Hy hat al faker fan de ferkearskommisje heard dat sebra's it net feiliger meitsje en de oanlis derfan soe er dan ek ofriede wolle. Wethalder Keizer: Hy is altyd ree om mei de skoallen te oerlizzen. Mar der binne altyd wer nije alders en deselde punten komme hyltyd werom. De alders krijt men net foar 'klaarovers'. It ROF kommunisearret regelmjittich mei de skoallen. Men is al hiel fier yn it oerlis mei de iisklup/keatsklup oer it oanbringen fan 50 parkearplakken. De hear De Kroon (PvdA): It giet by 4.1.1 allinne om it strookje fan kafee De Kern oant it Fimsterblomke. By in sebra rydt hysels oars as sunder sebra. Men soe der mei de skoallen oer prate moatte. Oangeande 4.1.2 moat earst dudlikheid weze oft men der al of net fytse mei. De foarsitter: De wethouder heeft toegezegd dat hij 2.1 zal meenemen. Naar 4.1.1 zal ook gekeken worden. Wethalder Keizer: Dat leste is eins in fuotgongersgebiet. De hear Tuininga (FNP): Der steane sneons wol auto's op dat plak. Der moasten neffens eardere ofspraken sa min mooglik obstakels/buorden pleatst wurde. Sa wurdt der foar it gemeentehus ek parkeard. Men soe der soepel mei omgean moatte salang't der noch gjin extra parkearplakken by de Uniawei binne.. De hear Ketellapper(GBL): Hy heart gauris dat men gjin parkearplak yn it sintrum fine kin. Der moat men goed omtinken foar hawwe. Wethalder Keizer: Dochs binne der achter it pleingebou plakken frij, der't men lykwols gjin gebruk fan meitsje wol. De hear Pot (WD): Hij wil de suggestie meegeven om de mogelijkheid voor een verhoogd zebrapad te bekijken. Wethalder Keizer: Der is in ofspraak dat men yn de busrutes (lykas by De Jint) gjin ferhegings oanbringe soe. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2008 | | pagina 24