De hear De Jager (CDA): It is in foars bedrach. Men soe yn de takomst in opsomming fan
aktiviteiten by sa'n bedrach hawwe wolle.
Wethalder Haites: Sy wiist derop dat by de jierrekken de ferantwurding plakfynt.
Mefrou Ennour hat gelyk mei har opmerking oer de arguminten en sy soe har foarstel dan ek
wol taheakje wolle oan it miljeuprogramma. De wetlike ferplichting fertaalt him ommers ek
yn in morele ferplichting.
De oeren fan de MAD binne foar de fergunningferliening omearre. By kategory 4-bedriuwen
docht de MAD de kontrole noch wol, mar fierder giet it om de ofhanneling fan de fergunnings
en de meldingen. Op side 8 is in stikje tekst weifallen, mar dat is werom te finen op it
meidielingsstik fan de griffier.
Der wurdt oan in startnotysje wurke en dat sil nei de ried takomme as it klear is en dan krijt
men ek ynformaasje oer de SLOK-subsydzjes. Dat jildt ek foar de oare punten, lykas de
WABO, duorsumheid en it offalwetter. Der binne feroarings kommendeweis, mar ien en oar
is noch net eksakt bekend. As der mear dudlikheid oer is dan sil it mear spesifisearre foarlein
wurde.
Britsum wurdt neamd omdat der yn de keam fan Britsum wat yndustriele aktiviteiten plakfine
meie.
Der stiet boppe it haadstik 'Offal en offalwetter'. Sy begrypt de fraach fan de hear Elgersma
dan ek net rjocht.
De hear Elgersma (GBL): Hy is der undertusken sels al achterkaam.
Twadde termyn
Mefrou Ennour (PvdA): De vraag aangaande pagina 5 met betrekking tot de raming van de
uren in relatie met de werkzaamheden is nog niet beantwoord. Wat betekenen de
verbeterpunten voor de lokale situatie? De vier colleges zijn bijvoorbeeld bezig met de
implementatie van de WABO. Het komt echter niet terug in het milieuprogramma. Is het niet
handig om die kennis tijdig met de raad te delen?
De hear Elgersma (GBL): Wat foar konsekwinsjes kinne der weze nei de utfiering fan de
kontroles?
Wethalder Haites: By side 5 giet it om de ofhanneling fan de miljeufergunnings en fan de
meldingen. By kategory-4-bedriuwen sit in lyts part hanthaving troch de MAD.
De MAD wit eins noch net wat sy op it med fan de WABO foar de gemeentes betsjutte kin.
Yn Middelseeferban tinkt men deroer nei.
Mefrou Ennour (PvdA): Er is volgens haar sprake van versnippering van beleid, door
onderdelen uit te laten voeren door de gemeente, de MAD en het handhavingsbureau.
Wethalder Haites: Men wol eins net fersnipperje. De MAD foarsjocht yn saken der't de
gemeenten sels net yn foarsjen kinne. De MAD hat in back-office funksje.
De kontroles foar de bedriuwen wurde dien troch it hanthavingsburo. Dat jildt ek foar de
konsekwinsjes dy't der ut fuortkomme. Der wurde hast nea boetes oplein, omdat de
konstatearde gebreken hast altyd wer yn oarder brocht wurde.
De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel (met de aanvulling op bladzijde 8 en het door
de PvdA voorgestelde toe te voegen argument) besloten.