Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 16 april 2009 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. It foarnommen beslut oer gearwurking as Middelseegemeenten De foarsitter: Op 28 mei 2009 staat het onderwerp weer op de raadsagenda en kan de raad zijn definitieve "gevoelen" uitspreken. De colleges van de vier gemeenten gaan aan het werk. In juni 2010 zal het implementatieplan gereed zijn. In 2013 worden de implementatieplannen geevalueerd. Kan de voorlichting door Leeuwarden blijven staan? De hear De Kroon (PvdA): De PvdA komt ta in 'gematigd' posityf oardiel. Foar 6 fan de 8 underdielen wurdt keazen foar it matriksmodel. Dat is in goede saak foar de kwaliteit fan de amtlike organisaasje. De gearwurking sil yn 2013 evaluearre wurde troch eksteme deskundigen. Gearwurking is net in bliuwende oplossing foar de gemeente. Yn 2013 soe men dan ek de mooglikheid hawwe moatte om ta in fuzje beslute te kinnen. Dat stiet wol yn de oanbiedingsbrief mar net yn it beslut. Moat it der foar de rjochtskreft net yn opnommen wurde? It konvenant hat no in opsistermyn fan 1 jier. Troch de nije ferdieling soe men skea oprinne kinne as dy gearwurking opsein wurdt. Derom moat neffens de PvdA it konvenant Irijwol unopsisber weze. Elke Middelseegemeente mei gearwurking mei elke oare gemeente oangean sunder tastimming fan de oare Middelseegemeenten. Dat is yn de eagen fan de PvdA net winsklik. Gearwurking moat allinne mar kinne mei tastimming fan de partners. Diele de Middelseepartners dy miening? De PvdA hat twifels by de kreftdiedigens fan de Middelseegemeenten. Men hat bygelyks nei oardel jier noch gjin beliedsplan rekreaasje en toerisme skriuwe kinnen. Hoe komt it dat ut de fjouwer amtlike organisaasjes net in team foarme wurde koe om sa'n beliedsnotysje yn eigen behear te skriuwen? Der moat elk jier in jierferslach oer de Middelseegemeenten opsteld wurde. Kin men op koarte termyn in jierferslach fan de Middelseegemeenten oer 2008 krije? Menameradiel docht net mei oan de mienskiplike organisaasje fan it underdiel sport en betellet net mei oan it beliedsrapport oer rekreaasje en toerisme. Passe dy keuzes by de takomstferwachtingen fan de Middelseekolleezjes? Binne der mear foarbylden fan net meidwaan oan Middelsee-aktiviteiten fan Menameradiel of oare Middelseegemeenten? De finansjele konsekwinsjes fan de gearwurking komme beskikber yn it foarjier fan 2010. De ried moat har gefoelens deroer jaan kinne. Is it kolleezje ree de finansjele konsekwinsjes fan de gearfoeging fan dielen fan de amtlike organisaasjes oan de ried foar te lizzen sagau't dy bekend binne? Men moat meidwaan oan de femijing fan de digitale snelwei. Hoe kin de amtlike organisaasje optimaal gebruk meitsje fan de digitale mooglikheden? Ljouwerteradiel moat yn 2009 42.000 euro frijmeitsje, yn 2010 twa ton en yn 2011 nochris 100.000 euro. Sjocht it kolleezje kans om dy bedraggen frij te meitsjen? De groei fan de meiwurkers binne net yn de kosteberekkening meinommen. Der komme foar Ljouwerteradiel twa fte's by en dat fynt de PvdA nuver omdat men effisjinter wurkje kin. Troch krimp op oare plakken soe men mei fte's skowe kinne moatte. De PvdA is tsjin de groei fan it personielbestan op dit punt. De hear Pot (YVD): Hij sluit zich aan bij de vragen van de vorige spreker. De hear Dijkstra (FNP): Hy sitearret ut it rapport Middelsee op Koers: 'Daarbij gaat het om de som der delen te realiseren'. Neffens Aristoteles wie it lykwols 'het geheel is meer dan de

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 53