Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 16 april 2009 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. 12. Oanlis keunstgersfjild oerdracht fan De Stipe De hear Elgersma (GBL): Der giet mei it beslut in winsk fan jierren yn ferfolling. In keunstgersfjild is net in lukse. Beide ferienings meitsje in protte gebruk fan de fjilden en it is no foar de underhaldsminsken 'dweilen mei de kraan iepen' om it fjild kwa nivo op peil te halden. De beide partijen hawwe mei de underhannelings aardich wat wetter by de wyn dien. De ledegearkomsten hawwe uteinlik posityf besletten. Binne de ekstra kosten foar 2009 u.o. de 15.000 euro fan de saneamde yntegraasjeheffing? Wat foar oare kosten binne der en wat wurdt it totale bedrach? It kolleezje wol har ynsette foar in adekwate oplossing fan de klaaibokseproblematyk. De noarm fan de KNVB is 14 boksen (der binne 8). It foarbyld fan it gebruk fan de klaaikeamers fan de sporthal is as opsje neamd. Mei goed waar is dat net sa'n probleem, mar wol by min waar fanwegen de smoargens. Is der finansjele stipe mooglik? De ferienings hawwe sels gjin finansjele romte. It keunstgersfjild wurdt mei de femijing fan it fjild kombinearre. Hoe moat hy him dat foarstelle? Hoe wurdt it wetrafjild troch it kolleezje definiearre en is it beide mooglik foar de 5 ton? Oangeande de winsk fan de kuorbalclub fan Britsum. Keunstgers is de takomst en eins is men der yn de gemeente dus noch net mei dit keunstgersfjild. De hear Tuininga (FNP): Men hat jierrenlang foar de keunstgersfjilden pleite. De FNP hat it fia in moasje nei foaren helje kinnen. De petearen tusken de gemeente en de ferienings hawwe goed west. Hy hopet dat de oanbesteging sa weze sil dat men der yn septimber gebruk fan meitsje kin en miskien is der troch de ekonomyske situaasje finansjeel ek wat te heljen. As der dertroch wat jild frijkomt dan soe de FNP dat jild reserveare wolle foar de oanpak fan de klaaiboksen. Der komme yn de takomst ek romten yn skoallen fry. De opsje fan de sporthal liket him goed ta. As it korps ek gebruk meitsje kin fan it wetrafjild dan soe men miskien ek 50.000 euro oan subsydzje lospeuterje kinne by de provinsje lykas de buorgemeente dien hat. Ek oare doarpen hawwe ferlet fan sokke fjilden. De hear De Kroon (PvdA): De underbouwing is helder. It keunstgersfjild sit neffens it kolleezje al yn de begrutting. It wie lykwols in deal: it soe lykop gean mei de privatisearring. It keunstgersfjild moat dan ek neffens de PvdA yn it konsept beslut opnommen wurde. Der stiet neat oer in wetrafjild yn de notysje. Praat men oer itselde? De ynvestearring fan de gemeente moat binnen de heal miljoen bliuwe. De gemeente moat wol swier bliede by de privatisearring. Men is uteinlik mei elkoar as gemeente 107.000 euro kwyt. It duorret wol 15 jier ear't men dat weromfertsjinne hat. Eins betellet de gemeente neffens him tefolle. Men moat dus wol helder weze oer de klaaiboksen. Der soe men net as gemeente yn ynvestearje moatte en dat moat men ek opnimme yn it beslut. Is it net oantrekliker om de 20.000 euro foar achterstallich underhald mei te jaan oan de fuotbalferienings en net as gemeente ut te fieren? Dy sinten hoecht men dan net yn de eksploitaasje 2009 op te nimmen. Men wurdt neat wizer fan de oerdrachtskosten en de fiskale claim. Kin men der net wat op betinke mei juridysk of ekonomysk eigendom of in bysundere brukersregeling?. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 80