De hear Pot (WD): Uiteindelijk komt het kunstgrasveld tot stand. Het kost een hoop geld. De WD is blij dat het tot privatisering geleid heeft. Als er nog wat te behalen is dan moet men elke kans aanpakken. Hij is het eens met de opmerkingen van de PvdA met betrekking tot de kleedboxen. De hear Keuning (CDA): Ek it CDA woe in keunstgersfjild yn Stiens. 'Voor wat, hoort wat.' It CDA kin achter de privatisearring stean. Der is in heal miljoen beskikber. Der moat wol in goed fjild komme, want yn it ferline is der datoangeande wat misgien. 'Goedkoop is duurkoop'. De hear Tuininga (FNP): Hy wiist derop dat de fjilden yn gearwurking mei de clubs utsocht wurde. De hear Keuning (CDA): In goed fjild stiet foarop. In trainingsijild mei wol ta in wetrafjild omboud wurde, mar dan moat it wol binnen dy heal miljoen bliuwe. By mear fjilden hat men mear boksen nedich. De kar foar de sporthal is datoangeande in goede saak. It is it CDA offallen hoe djoer de oanlis fan in keunstgersfjild is en derom is der no spitigemoch gjin jild foar in keunstgersfjild yn Britsum. Wethalder Haites: Sy is bliid mei de positive luden oer de oerienkomst mei de ferienings. De ekstra kosten yn 2009 binne de kapitaallesten foar it fuotbalfjild fan 5 ton. Neffens de KNVB- noarm soenen der 6 boksen te min weze. Der is jild yn de begrutting opnommen foar de fuotbalfjilden en eventueel in wetrafjild. Der sit gjin jild foar de klaaiboksen yn. Men kin earst foarut mei de boksen fan de sporthal. De fuotbalferienings wolle mei de gemeente yn petear bliuwe oer de boksen. It A-fjild wurdt in keunstgersfjild. It oare fjild wurdt opknapt, mar it is net sa dat der keunstgers komt. It heal miljoen is it maksimum. As der mear finansjele romte is dan soe men nei oare keunstgersijilden sjen kinne. Men hopet dat men yn septimber gebruk meitsje kin fan it keunstgersfjild. Kwaliteit giet lykwols foar snelheid. It de muoite wurdich om te undersykjen oft men in subsydzje krije kin as it korps fan it wetrafjild gebruk makket. It jild foar it keunstgersfjild stie foar 2010 al yn de begrutting. It keunstgersfjild koe nei foaren helle wurde troch de kombinaasje mei de privatisearring. De gemeente hat de Stipe de underhaldskosten meijun foar de kommende 10 jier. De gemeente is net btw-plichtich, mar de Stipe wol en sadwaande is men op it bedrach utkommen. Uteinlik hat de gemeente der foardiel fan omdat de kapitaallesten leger wurde. De hear De Kroon (PvdA): Dat betwifelet er want dat jild boekt men of fan it eigen fermogen. It duorret sa'n 15 jier foardat it him werombetelle hat. Wethalder Haites: De gemeente bliuwt mei de ferienings yn petear oer de klaaiboksen. De hear De Kroon (PvdA): Dat soe de gemeente sinten kostje kinne en derom moat men dy iepening net oanhalde. De hear Tuininga (FNP): De FNP wol de petearen oer de klaaiboksen iepenhalde. De ferienings soene sels ek mei jild op it kleed komme kinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 81