Wethalder Haites: Der wurdt net sein dat de gemeente fuortdaliks de beurs iepenlukt. Sy sjocht de mearwearde der net fan yn dat men it jild foar it underhald oan de ferienings jout ynstee dat men it as gemeente sels utfiert. De hear De Kroon (PvdA): As men it oan de ferienings meijout giet it buten de eksploitaasje fan 2009 om. Hy skat yn dat de rekken fan 2009 krap is en derom soe men soks oppakke moatte. Wethalder Haites: It soe ynhalde dat men 20.000 euro mear ut de algemiene reserve helje moat. Sy sil de suggestje noch neigean. Sy sjocht net hoe't men under de oerdrachtskosten utkomme kin. De claim fan de 15.000 euro (yntegraasjebedrach) wurdt undersocht troch de ofdieling fmansjes. De hear De Kroon (PvdA): It doel is dat de eksploitaasje en it underhald oergeane nei de Stipe. Miskien kin in slimme jurist neigean oft men dy ekstra kosten omsile kin. Mefrou Slagter (GBL): Zij merkt op dat het voorheen mogelijk was door middel van economische eigendomsoverdracht de overdrachtsbelasting te besparen, maar door een wetswijziging is dat niet meer mogelijk. Wethalder Haites: Men hopet dat it wetrafjild ek fan de 5 ton oanpakt wurde kin. De kwaliteit is lykwols liedend. Twadde termyn De hear Elgersma (GBL): Kuorbalclub CSL hat in grutte prestaasje levere troch yn de haadklasse te kommen. Der soenen dan ek foar de takomst mooglikheden foar in keunstgersfjild iepenbliuwe moatte. Bliuw 'on speaking terms' mei de ferienings oer de klaaiboksen. Is in wetrafjild no in gewoan fuotbalfjild, treningsfjild of wat bysunders? As it net ut de 5 ton kin, wat dan? It like GBL doedestiids op in 'wurgcontract'. Derom dan ek in komplimint dat uteinlik gemeente en ferienings der mei de privatisearring utkommen binne. De hear Tuininga (FNP): Hy is bliid dat men mei elkoar yn petear bliuwt oer de klaaiboksen. Fierder de kompliminten foar it resultaat. De hear De Kroon (PvdA): It moat helder weze foar de ferienings dat de gemeente gjin jild stekke kin yn de klaaiboksen. De hear Pot (WD): Hij sluit zich daarbij aan. Verder ook de complimenten voor het resultaat. De hear Keuning (CDA): It CDA wol it petear oer de klaaiboksen iepenhalde. Hy jout noch as oplossing oan dat men by de sporthal foar de klaaiboksen de aide yngong brukt Wethalder Haites: CSL Britsum spilet yn de heechste klasse en de fraach nei in keunstgersfjild sil men foar eagen halde moatte. De ferienings moatte utsykje hoe't it mei it wetrafjild sit. De hear De Kroon (PvdA): Hy wiist der nochris op dat de oare partijen, mei utsundering fan de PvdA en de VVD, blykber jild foar de klaaiboksen beskikber stelle wolle. 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 82