Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 18 juny 2009 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Jierwurk 2008 De hear De Kroon (PvdA): Op himsels is er wiis mei de jierrekken. Neffens de akkountant haldt de gemeente de saak goed by. De gemeente leit der yn syn eagen ek knap by. De keunstgersfjilden kostje in protte jild en fierder hat men ek noch wol wat nuten te kreakjen lykas oer de skoallen yn Britsum en it swimbad. Der soe neffens it programma Boarger en bestjoer in undersyk dien wurde nei it werombringen fan regels. No folget men de oanbefellings fan it VNG op. Dat is net itselde. Men woe by integrate feilichheid by femielings foar 100% ferhaal helje op de dieders. Der stiet no 'wij pogen'. Mar hoefolle persint hat men no eins helle? By it programma behear iepenbiere romte wurdt suggerearre dat men alle doelen helle hat. Dat is neffens him net sa. De 30 km-sones binne net yn alle wiken goed oanjun. Is yn Middelsee II yndied wol 65% fan de grun utjun? En hat men ein 2008 yndied ek wol genoch fuotbalfjilden fan foldwaande kwaliteit? Men soe mei de wenningboukorporaasjes ofspraken meitsje oer renovaasjeplannen. Binne der datoangeande saken berikt? De kompliminten oan it kolleezje foar it lege syktefersom fan 3,1%. Yn it finansjele stik mist de PvdA in ferklearring fan de grutte ofwikingen. Dat soe men takom jier taheakje moatte. By de riolearing is bygelyks oan de batenkant in ferskil fan twa ton. Hoe komt dat? De breidskat foar it iepenbier underwiis is mei in heale ton ferhege. Wie dy neibetelling perfoarst nedich? Der wurdt ek in ton reservearre as neibetelling oan it bysunder underwiis omdat men mear as needsaaklik betelle hat oan it iepenbier underwiis. Hat de ried derta beslist? Der is mei it opheljen fan it offal in besparring realisearre. Earst is de begrutting mei 60.000 euro ferhege en no komt men wer 120.000 euro leger ut. Hoe komt soks? De PvdA is it fierder iens mei it foarlizzende beslut. De hear Ekas (GBL): Het is positief dat de rekening 2008 met een positief saldo sluit. Het lek is echter nog niet boven water. Er is een herschikking van gelden binnen de BBV-wetgeving. Er is een overschot van gelden binnen de WMO. De bestemmingsreserve wordt toegevoegd aan de WMO in verband met naderend onheil. Door een cosmetische ingreep is het resultaat tot stand gekomen. Het echte resultaat is plus nul. Maar het is op zichzelf positief dat de begroting sluitend is. Niet alle zaken lopen echter goed, zoals het beheer openbaar groen en achterstallig onderhoud. De hear Dijkstra (FNP): It is yndied op in kosmetyske wize ta in slutende begrutting kommen. De hear De Kroon (PvdA): Hy makket beswier tsjin de kwalifikaasje 'kosmetysk'. Dat heart nei 'sjoemeljen'. De hear Dijkstra (FNP): Dat leste is fan in hiel oare oarder. Men moat fierder gean mei de gearwurkingskoers fan de Middelseegemeenten. Hy giet derfan ut dat de ried en it amtlik apparaat fan goede wil binne. Hy wiist derop dat de lytse gemeenten hyltyd mear troch it Ryk ofknypt wurde sille.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 136