De hear De Kroon (PvdA): Earst wie de PvdA 'gematigd positief oer it foamommen beslut. Dan moat der in plan weze hoe't amtners bygelyks gearwurkje kinne en derby moat men in finansjele underbouwing jaan. Oer sa'n plan kin men in beslut nimme. De eardere fragen fan de PvdA wienen bedoeld om helderheid te krijen. Der moast in evaluaasjemomint yn it beslut komme. Yn it foamommen beslut stiet ek dat der in fuzje op termyn komme kin. Hokker termyn? De PvdA sjocht gearwurking net as in definitive oplossing foar de gemeente. Gearwurking kostet in protte jild en enerzjy. In grutte gemeente kin foardielen opsmite en derom wol de PvdA op in fuzje ta. Der is gelokkich al wat feroare want trije moanne lyn woenen de kolleezjes noch net iens oer fuzje prate. It nije konvenant soe neffens de PvdA frijwol 'onopzegbaar' weze moatte. Dat wurdt neffens him no ek foar in part yn de regeling opnommen: 'Uittreding niet lichtvaardig en niet zonder financiele gevolgen'. As men de stap ta gearwurking makket dan soenen oare gemeenten neffens de PvdA net sunder tastimming gearwurking mei oare gemeenten sykje meie. Dy fraach is lykwols noch net beantwurde. It beliedsplan oer rekreaasje en toerisme is al oardel jier underweis. It net in foarbyld fan in krefitige oanpak yn it gearwurkingsferban. Der komt gjin jierferslach en dus kin de ried net neigean oft yn 2008 utsprutsen ambysjes neikommen binne. It mienskiplik utfieren fan it behear fan wegen en iepenbier grien is tusken de wal en it skip rekke. Past de opstelling fan Menameradiel om net folslein mei te beteljen oan sport en it beliedsplan foar rekreaasje en toerisme by it ferwachtingspatroan? Der is mei Menameradiel in kompromis sletten. It bliuwt ek undudlik oft oare gemeenten ek sok flechtgedrach fertoane. It kolleezje hat tasein dat de konsekwinsjes fan de gearwurking binnen de amtlike organisaasje oan de ried foarlein wurde. Der is dus undudlikheid oer de fuzje op termyn, de meiwurking fan Menameradiel en u.o. it tekoart oan krefitich belied op it med fan rekreaasje en toerisme. Dochs bliuwt de PvdA 'gematigd positief, want men hat as PvdA wol ferlet fan it rapport. De boarger moat wat te kiezen hawwe en der moat ynhaldlik oer praat wurde kinne. Yn it kommende jier moat der mear helderheid oer de reeens ta fuzje komme. Men moat mei de opsjes ut it rapport fan Bosma nei de boargers. Hy soe ek noch yngean wolle op it EGEM-i trajekt. It kostet in protte jild. Op Middelseenivo soenen der 9 minsken by moatte en foar Ljouwerteradiel komt it del op 2 minsken. Dat soe men neffens him mei de eigen formaasje oprede moatte. Der binne al 7 gemeenten dy't op dat med mei elkoar gearwurkje. Der soe men ek syn ljocht opstekke moatte. Men moat net allinne urekkenje wat it kostet mar ek wat it opsmyt. De hear Ketellapper(GBL): Hy fynt it logysk dat mei dat trajekt jild besparre wurdt. De hear De Kroon (PvdA): Neffens it plan komme der foar Ljouwerteradiel 2 minsken by en kostet it goed 3,5 ton. Ynfertsjineffekten worden net neamd. De foarsitter: De gevoelens zijn duidelijk. Meer personeel is voor Leeuwarderadeel niet betaalbaar. Als vier gemeenten het zelf doen dan zal dat duurder uitvallen. Het Rijk legt bepaalde taken op en legt er geen geld bij en daarom zijn er geen inverdieneffecten. Helaas heefit men als gemeente weinig beleidsruimte. De hear De Kroon (PvdA): Hy is wiis mei dat antwurd. De ried moat foar de dudlikheid sizze dat it goedkeaper moat. De foarsitter: Men heefit aan Leeuwarden en de 7 gemeenten die op het gebied van ict samenwerken gevraagd wat samenwerking zou kunnen betekenen en daar zullen getallen uit komen. Een voorgenomen besluit is dus geen besluit volgens de raad. De hear De Kroon (PvdA): It foamommen beslut is dat men in plan dat utwurket en dat kin men takom simmer beoardiele.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 15