stelling 5. Reaksjes op de 5 stellingen oer de halding fan de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. lens mei de stellingen 1, 3 en 4. Oangeande stelling2: Ljouwerteradiel sil sels har stanpunt bepale moatte, mar der moat wol romte foar oerlis mei Ferwerderadiel weze. Net iens mei stelling 5. De bedriuwen en de mienskip fan Aide Leie moatte by de untwikkeling belutsen wurde. Wethalder Keizer: Hy is der sels gjin foarstanner fan dat de wynmunen op de alde/nije seediken komme. Deputearre Konst hat sein dat wannear't der kansen lizze foar wynmunen op de see dat dy dan net op it lan komme. Hy wiist derop dat men partisipant wurde kinne fan in wynmunepark. It giet mei dit stik om de ffaach oft men mei wynenerzjy in bydrage leverje kin oan duorsume enerzjywinning en oft men soks moai fynt. Twadde termyn De hear Elgersma (GBL): De stellingen geane oer wynmunen op it lan. De GBL-ffaksje hat fansels ek leaver wynmunen op see, mar dan net op it Waad. Hald rekken mei de boeren dy't no in wynmune hawwe. It kaartsje moat dudliker wurde. De hear Dijkstra (FNP): Hy mist de opstelling fan it Ryk. It Ryk wol gjin konsesjes ferliene foar wynmunen op de Noardsee. Yn Dutslan en Denemarken is men fierder en set men de wynmunen 25 km ut de kust op de Noardsee. Wynmunen op it lan binne in oanslach op it lanskip. It is neffens him ek in drochreden fan de provinsje om de wynmunen yn de trechter fan de Middelsee op te stellen. Den Haach moat konsesjes ferliene foar wynmunen op de Noardsee. Mefrou Ennour (PvdA): Men wil maximaal rendement met betrekking tot duurzaamheid. Dan moet men ook naar andere mogelijkheden kijken dan alleen maar windmolens. Je moet je eigen gemeente of provincie niet uitsluiten voor altematieve middelen voor energieopwekking. De hear De Jager (CDA): De mooglikheden foar wynmunen fier op see lykje him tige gaadlik. Men kin yndied partisipearje yn wynmuneparken. Wethalder Keizer: Der stiet neame dat wynmunen ferdwine moatte. Tsjin oantreklike betingsten soe men by ferfanging meidwaan kinne yn in kluster. Definsje fynt dat der yn de gemeente yn ferban mei radarfersteuring mar ien plak yn de beneaming komme kin: boppe de Hijumer Mieddyk. Hy stelt fest dat de ried der foar fielt om fier op see wynmunen te pleatsen. De provinsje krijt in gearfetting fan de diskusje fan de ried oer dit punt. 12. Kangoeroewenningen en tydlike wenfoarsjennings De hear Dijkstra (FNP): By de aide wet op de Romtlike Oardering hie men by sokke foarsjennings mei in artikel 19, lid 2 proseduere te meitsjen. Wat langer aldere minsken yn har hus wenjen bliuwe kinne, wat minder wenkansen der binne foar de jongeren dy't foar de leefberheid fan de doarpen fan tige grut belang binne. Hy giet de trije kategoryen by lans. De tydlike wenfoarsjenning is der no ek noch by kommen. It giet der dus benammen om dat men de jongeren festhalde kin. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 14